Milkshakes

troch Posted on 1 Comment 1 min read 163 views


Hastich en beswit komt er de keamer yn. Der wurde in pear bekers milkshakes op de tafel set, hy ploft op de bank del.

Ik wit ùt underfining dat ik net fuort begjinne moat te freegjen hoe it west is. Dat is dreech foar my want ik bin osa benyd hoe it yn Sina gong is.

Mar ik moat my bedimje. Oer in skofke komme wy wol wat te hearren as hy er oan ta is.

“It is mei ùs goed.” sis ik sûnder dat it frege wurdt en fertel oer Stientsje en de minsken om ùs hinne.

“Hâld mar op.” seit syn heit; “Hy is al yn sliep fallen.”

In swier gesnurk makket in ein oan myn freegjen.

“Wat wolst,” seit myn man; “hy hat tritich oeren fleanen efter de rech.”

Rimpen giet er oer ein en sjocht ferheard om him hinne. “Do bist thus.” sis ik; “Gean mar gau op bed.”

Wer kin dat hjoed de dei noch: ûnder it petear yn sliep falle? Dat kin allinnich thùs.

“Soe er it nei it sin hân ha?” freget myn man.

“Wy komme it wol es te hearren.” sis ik; “As hy der klear foar is.”

Mar hy is wer thùs en dat is it wiichtichste.

Ik romje de lege milkshakesbekers op. Wy kinne wer rêstich sliepe.

It leanstrypke

troch Posted on 4 Comments 1 min read 221 views
Foto troch Fabian Blank fan Unsplash

Hjoed-de-dei  hat min it er oer om it lytsjild ôf te skaffen.

Hja neame dat Cash jild, dat lytse jild.

It dy my tinken oan eartiids do ik mei myn earste fertsjinne jild thus kaam. It siet yn in brùn papierenpûdsje.

Der siet in hiel lang smel strypke papier yn wert ik neat fan begreep. Ien sifer seach ik dalik stean; it lêste, underoan.

Der gong fan alles ôf en alles wat er fan oerbleun wie dan foar my.

Op in kear, do ik it strypke wer es beseach tocht ik dat de boekhâlder him fersint hie; der stie trije gûne tefolle op.

De man sei, nei dat ik him it ùtlein hie; “Do hast opslach krige.”

Do wurdst wurdearre.” sei ùs heit; “Meist de baas wol betankje.”

En sa gong it troch de tiden hinne. It strypke is er allang net mear. Sinten, healtsjes en stuorkes binne ùt de tiid.

De stiene bargen binne kapot smiten en de sparbankboekjes opburgen yn alde skuon doazen.

Foarby dy tiid….

Tiden hawwe tiden.

Risikogefal

troch Posted on 6 Comments 1 min read 226 views
Foto: ABC
Kleedt  u zich maar uit.” seit de assistente.

“Hoe fier?” freegje ik. 

“Ho maar.” seit se as ik mei de fiters fan myn skuon dwaande bin.

Ik bin by de hertspesjalist foar de jierlikse kontrôle. Sûnt de lêste grypgolf bin ik in risikogefal wurden.

Nei in skoft fan wachtsjen en klomjen -ik bin ommers heal neaken- komt de man hastich oanrinnen.

“Een spoedgeval.” seit er.

“Jout neat.” sis ik. Wat moat ik oars sizze?

De  stethoscoop wurdt op ferskate plakken setten wert myn hert sitte moat.

Hy knikt ynstimmend , om my mei er noch wol efkes troch gean .

“En?” freegje ik; “Hoe sjocht it er ùt? Bin ik noch in risikogefal?”

“U kunt nog jaren mee. Tenzij u extreem verliefd wordt.” seit er mei in fyn glimke.

“Dat bin ik al.” sis ik en fiel myn hert achtentachtich slaan.

Wat kin in healjier dochs lang duorje.

Risikogefal.

Ferealens

troch Posted on 6 Comments 1 min read 268 views
Foto troch Morgan McDonald fan Unsplash
Hat mem yn har jonge jierren wol es fereale west?” freget de soan yn in fertroulik momint .

“Ach jonge,” sis ik; “do ik jong wie stie ik gauris yn fjoer en flam. Mar it wie net gau goed. Se moasten er wol goed utsjen.”

“Dat hâldt yn; kreas en himmel en net goar en sutrich. En wat er ut de mûle kaam, der lette ik ek op.”

Ùs mem, dy`t alles fan tichteby meimakke, skotholle wol es; “Dat wurdt neat mei it fanke.” sei se tsjin ùs heit; “Se is fierst te krekt.”

Der kaam in hûsskilder foarby dy under de ferve siet.

In boeresoan ùt Skarsterbrêge dy woe de selde wike noch trouwe want de pleats kaam frij.

In ambisjeus jongfeint dy yn fersekeringen die belove my in gouden takomst.

Do wie er in jongfeint ùt Ferwerd, hy kaam efkes oer om in Fryske frou mei te nimmen nei Kanada.

Mar de fonk sloech net oer.

Letter kaam er noch in toskedokter foarby dy my leafdefol fan in senuwûnstekking of holp.

It wiene allegearre fûleindige leafdes dy my nachten wekker hâlden en myn libben op `e kop setten.

Do kaam ik him tsjin en hy is bleun…

De sjoernaliste

troch Posted on 9 Comments 1 min read 345 views
Foto troch Ilya Ilford fan Unsplash
It frommiske oan de telefoan freget as se lâns komme mei foar in ynterview.

“Hawwe jo wol it goeie nûmer?” freegje ik; “Moatte jo my wol hawwe?”

“Jo hawwe in blog, mei allegearre stikjes.” seit se; “Mei ik efkes lâns komme foar in ynterview?”

“Want dat is net gewoan as jo sa âld binne.” giet se fierder.

“Makket âldens dan wat ùt?” freegje ik, in bytsje op `e tienen trape.

Hjoed-de-dei makket âldens net folle mear ùt want de lju wurde njoggentich en hûnderd is gjin ùtsûndering mear,

We prate ôf en in wike letter sit se tsjin oer my. Se leit in apperaatsje op ‘e tafel en begjint te freegjen.

Razend hurd gean har fingers oer it papier. ‘Soe dat no steno wêze?’ freegje ik my ôf.

Al gau ferjitte wy de tiid, de tee wurdt kâld, allinne it apperaatsje op tafel docht syn wurk.

“Nije wike komt it yn de krante.” seit se; “In foto fan jo ha ik al.”

We nimme ôfskie, it foel allegear genoch mei.

In wike letter stoarre my in bekend gesicht oan, har âldens stiet er mei grutte letters ûnder.

It wie in nijsgjjrrich  yntervieuw .

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien