Emosjoneel

Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T. ‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’ ‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op. Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’ Ik set my foar in raam wat in … Read more

Berêsting

De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen. It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april . De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend. In freondinne sei; “Dat haal ik … Read more

‘Lockdown’

Hast it al heard?” seit in buorfrou, “Alle duorren geane ticht en op slot. Earst fanne wike de sietduorren fan it gebouw, en no de haadyngong.” Stadichoan wurdt de kring lytser om ùs hinne. We kinne net mear in rûntsje meitsje yn de tùn. Yn it gebouw is de eangst  foar besmetting fielber, as ik er … Read more

Corona

Follik! ” ropt in man yn de doar. “Kom fierder.” sis ik -tsjin better witten yn- want dat kin ommers hjoed-de-dei net mear. It is myn nije buorman dy hjir krekt mei syn frou kaam is. Se binne tagelyk jierdei, hiene in sealtsje hiert en soene it grut fiere. Mar it giet net troch krekt as myn … Read more

Achthûndert

Yn in rûnte fan tachtich jierrigen bin ik oan it foarlêzen ût Tidenhawwetiden. De measten lju sitte yn in oanpaste wein as hawwe de rollator under hannerik. De iene is noch hiel skerp fan geast en de oare lit de wurge holle al gau hingje.  Myn freondinne lêst foar yn de Hollânske taal en ik … Read more

Ofskied fan in hielmaster

Mei in saaklik briefke lit ùs hûsarts witte dat hy mits âldens er mei ophâldt en in opfolger foar syn praktyk fûn hat.  Ik gean erby sitten, dit moat ik efkes ferwurkje. Fiifentritich jier hat hy wekke oer ùs sûnens en wolwêzen. Fan in praktyk oan hûs mei ien assistinte, is it in sûnensintrum wurden mei … Read more

Farre

Farre jo ek? “ freget se oan myn soan. We sitte oan de kofje yn it Fermidden, de grutte seal fan it fersoargingshûs. Se freget noch in kear: “Farre jo ek?” Ferwachtingsfol sjocht se him oan. “Ja,” seit er; “ik faar op Dùtslân.” “Ek op in skûtsje?” Mei grutte blauwe, trochskinende eagen sjocht se him twingend … Read more

Leafde hat syn beheindens

Mei in gejuichje springt Stientsje tsjin myn holle oan. De nacht is lang foar in kat dy yn in flat wennet. En as ik dan oan de brogge sit is se ùt de skroeven, dan moat er earst krûpt wurde. Sa ek fanne moarn, mei in grutte bôge komt se op my ta mar ûngelokkigerwize tsjin … Read more

Prottelkofje

Wolst in kopke kofje?” freegje ik him. “Wat foar kofje hat mem?” seit er.  “No,” sis ik (ik gean mei de tiid mei fansels); “Dolce Gusto Cappuccino én Lungo, as Douwe Pypke’s Senseo. Sis it mar.” “Dat wie in grapke,” seit er en syn mûle falt iepen. “ik tocht dat mem allinnich prottelkofje hie.” “Ik … Read more

Diskusearjearje

Wolsto foar ús in jûn fersoargje mei dyn webside ferhaaltsjes?” freget de foarsitter. “Soe hun dat wat ynteressearje?” sis ik. “Sykje mar wat út,” seit se; “do kinst de tahearders wol.“ En der wringt by my de skoech. It is in mingd selskip. En dan noch; welke ferhaaltsjes komme der foar yn oanmerking? Dagen bin … Read more