Dag, sis ik.

troch Posted on 2 Comments 2 min read 159 views

Wolle jo in wurdsje sizze mei de routsjinst fan myn mem?” freget se; “Jo ha har salang kinnen.”

Ik skrik erfan, it oerfalt my. Der moat ik oernei tinke.

Efkes letter stjûr ik har in berjochtsje dat ik dat net dwaan kin. Ik bin der te emosjoneel  en te skrutend foar,  soks soart dingen is neat foar my.

De hiele dei tôchje ik der mei om en ha lêst fan mysels.

Ik ha har wol sechstich jier kinnen. We hawwe tegearre in soart meimakke en soe ik dat no net foar har dwaan wolle.

Letter op `e moarn skilje ik har werom; “Rekkenje mar op my.” “Ik hie net oars fan jo ferwachte.” seit se.

Nò moat er wat op papier. Mar wat? It moat net it selde wurde as wat de famylje seit, betink ik my. 

Ik gean yn tinzen werom nei de earste kear do ik har moete yn de haven fan Langwar. It sloech oan: wy hâlden altyd kontakt, wert wy yn de wrâld ek wienen.

Ik set wat op papier mar ferskuor it hieltyd wer. In kreas stikje mar it rekket myn hert net. De kompjûter makket oerûren en de printer seit: “Doch it sels mar.”

Einliks, as de sinne ûnder giet en de skimering ynfalt bin ik tefreden. As ik dan yn de grutte grôtfolle tsjerke stean ferhelje ik mei fêste stim oer ùs freonskip.

Se sjocht my oan en glimket.

“Dag.” sis ik, en nim ôfskied.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Anne
Guest
Anne

Dat is een lage tijd wokke mooi dat het je gelukt is.als je ouder wordt zie je mensen om je heen wegraken.grietje haar mem zei het vaak .sterkte ermee ,een hoop herinneringen blijven over

trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
Ds. Hasperskoalle hûndert jier

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien