Tweintich minuten

trochPosted on 1 Comment1min read1379 views

Sille wy moarnier efkes ofprate? Ik ha in keamerke besteld.'  seit er. 

Sunt in pear wike hat it âldereinhûs keamerkes makke, ôfskieden fan nijsgjirrigge lju.

Ik moat sizze, yn de earste ynstânsje like it my op fleanen. Pleksyglês mankeare de wanden. In telefoan stiet rè sadat min mei de famylje bûten kommunisearje kin. En dan mei min tweintich minuten prate.

Wat ûnwennich mei de situaasje skarrelje ik de romte yn, in desynfiktearjend fleske mei in doekje stiet klear. Moat min no earst desynfiktearje? As moat min it no op it ein dwaan? Ik doch it mar allebeide dan wurdt in oar net besmet .

De soan hat syn plak al ynnaam, ik gean tsjinoer him sitten.

En wert wy oars net oer stinne moatte wy no tweintich minuten tsjin elkoar prate. Earst mar oer it waar, en dan oer syn wurk, betink ik my. Tuskentroch freget er; 'Hoe foldocht it, mem?' 

'Best,' sis ik, 'it iten en drinken mankearret neat oan, se dogge hja best.'

Mar er is ien ding dat untbrekt; frijheid!

De tweintich minuten binne om, de folgende besiker stiet alwer klear. We lizze beide in hân op it pleksyglês en sjogge mekoar oan...

Tweintich minuten...

Beppedei!

Mei blidens jouwe wy kennis.

trochPosted on 5 Comments1min read1438 views

Ta myn grutte blidens binne fane moarn élf einepyken ùt de koer rûgele. 

Memein gong foarop al roppend dat se avesearje moasten. Want Bouke, de reade kater fan de buert, hie krekt efkes skoft. No wie it feilich. 

Yn flot tempo sette memein de stap er yn, it jonge spul koe har amper byhâlde.

In prachtige Siameeske kat folge hja op 'e foet. Lokkich kaam er in frou lâns dy har hûntsje ùtliet.

'Wolle jo der efteroan rinne?' frege ik, 'Oant se feilich yn it wetter binne?'

Dat woe hja graach dwaan. Efkes letter komt se fertellen dat alle elf plus mem yn it wetter kaam binne. 

Wat bin ik bliid. Myn beppesizzers binne goed te plak kaam. Dat wol dochs eltse oarremem!

Yn blide ferwachtingen

trochPosted on 2 Comments1min read1088 views

Wannear sil it heve?' roppe de lju om my hinne. It hiele âldereinhûs komt yn 'e ban fan de komst fan de nije wrâldboargers.

Ik kin my net earne fertoane as hja hâlde my oan en freegje, 'Is er al wat?' Bewenners as personiel komme yn 'e hûs en wolle it plak sjen wert it barre sil.

It is in spannende tiid; it coronabarren is al hielendal op de eftergrûn rekke. Der is mar ien ding wichtich; 'Wannear komme se foar it ljocht, en hoe folle?'

Jimme sille wol sizze; 'Wer hat sy it oer?'

It sit sa, ik hie fan `t winter as dekoraasje in einekoer op myn balkon hong. En ta myn grutte fernuvering hat in einepearke de koer yn beslach nom.

Wat wie ik bliid, net wittend wat foar offers Stientsje -de kat- en ik der foar bringe moasten. Wy hawwe ommers salang se oan it brieden is, de noed en de soarch der foar.

Ek in pear manlju hâlde de wacht en ha in stellage om it nest hinne boud sa dat it lytse guod net fan in grutte hichte ôffalle kin.

Myn buorman kipet wol  gauris behoedsum yn `e koer, en hâldt my fan dei oant dei op `e hichte. 'Se is noch oan it brieden hear!' ropt er dan. 

Soe it hearke ek sa yn spanning sitte? freegje ik my ôf.

Yn blide ferwachtingen, dat binne we.

Toskdiskriminaasje

trochPosted on 1 Comment1min read1141 views

Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer.

Ik gean nei immen ta fan it âldereinhûs, dy my miskyn fierder helpe kin.

In skofke letter komt se werom en seit, 'Mei oerliz soene wy wol helpe kinne.'

Om wis te wêzen skilje ik mei myn toskedokter en lis him it gefal ùt.

Ik krij de assistinte oan de line. 'Waar woont u?' freget se, 'Dat witte jimme wol, ik bin al wol fjirtich jier klant,' sis ik.

Se hawwe in probleem, bemerk ik wol. Se besiikje er ûnder ùt te kommen, se binne er mei oan.

Dan krij ik de toskedokter sels oan de line. 'Waar woont u?  freget er wer.

Ik sis, 'Yn in âldereinhûs. En ik ha twa losse fullingen.'

'Het probleem is,' seit er nei in skofke, 'verzorgingstehuizen dat zijn haarden van virussen. Daar komen wij liever niet.'

'Ja, mar ik moat dochs holpen wurde,' sis ik nijsgjirrich. 

'We moeten wachten op wat Premier Rutte te zeggen heeft. Zien we daarna verder.' seit er. 

Myn soan kaam thûs, en krige tafollich itselde ungemak mei syn gebit. Mar hy koe daliks holpen wurde (..).

'Diskriminaasje.'  ropt er, mar sa fier wol ik net gean, jo wol?  

Toskdiskriminaasje. It moat net gekker wurde.

Beuzichheidsterapy

trochPosted on 5 Comments1min read1062 views

Alwer in draaioargel,' seit myn buorfrou. Ik swaai nei de beide manlu dy it grutte tsjil yn beweging sette.

'Dat dogge se foar ùs,' sis ik. 

'Jou my mar countrymuzyk, jazz as gospel, dan komt min noch wat mear yn beweging,' seit se.

Sjongers mei en sûnder gitaar gean oan ùs eagen foarby.

Sûnt in skofke krije wy 'Gymnastiek van buiten af.' In jong feint stiet yn 'e fierte te meneuveljen en swaait mei al syn lichemsdielen, de bedoeling is dat wy dat him neidogge.

En dan krije wy noch it harsenskrabjen yn de gong, want dat moat ek underhâlden wurde fansels .

It frommeske lit ùs plaknammen riede, it wurdt net altegoed ferstien en moat gauris herhelle wurde. 

Sneintemiddei krije wy saksofoanmuzyk fan ùt de tùn. 'Ha jo in saksofoan?' ropt er ien nei my. 'Né,' sis ik, jo wol?' Se docht mei in sucht de doar ticht. 

It draaioargel wurdt rè makke en giet fan it iene âldereinhûs nei it oare. Wurk genoch dizze dagen, se fleurje de boel in hiel ein op.

Corona bringt wer in protte kreativiteit en talinten nei boppen.

Noch efkes minsken, dan kinne wy wer genietsje fan alles wat libbet.