Swimles

troch Posted on 2 Comments 1 min read 135 views

Se hawwe hjirre in oerdekt swimbad spesjaal foar âlde stramme lju, mar ek foar lytse bern.

Regelmjittich tref ik der in famylje oan ùt in fier lân, hja binne net te ferstean. Heit helpt de bern ùt en yn de klean, de mem ha ik noch net sjoen.

It  lytse famke hat  in bikiny oan mar hâldt oan it lêst ta it holledoekje om.

Se kinne hast net wachtsje oant hja ophelle wurde.

It dy my tinken oan eartyds, ik ha ek swimmen leard mar dat gong er al oars om ta.

Wy wennen oan de Boarn,  ùs mem siet yn ‘t stap te breidzjen en hie in tou om de middel, it oare ein siet om myn middel hinne.

En as ik dan te fier it wetter yn gong luts se gewoan it tou oan en gong fierder mei breidzjen. Troch har krewearjen kin ik jierren letter swimme yn in echt swimbad.

Grutte donkere eagen sjogge my bliid oan, se kinne hast net wachtsje. It holledoekje komt ôf, de heit hâldt se goed yn ‘t each. 

Wat er ek feroaret, de noed bleaun it selde!

Print Friendly, PDF & Email
  • 24
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    24
    Shares

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Appelvrouw
Guest

Mooi, Wokke aan een touw in het kanaal. En dan zo’n meisje die vertrouwt op haar vader.

Previous
Kringloopwinkel

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien