Kryst- en Âldjierswinsken

Ik doch dit jier der nèt oan mei…“, sis ik tsjin myn man. “Wer oan mei?“, freget er. Hy sit mei de holle earne yn in fier lân wer in protte reboelje is. It kostet hânnen fol jild en wat in wurk, gean ik unfersteurber fierder.

Ik ha it oer kryst- en nijjierskaarten. Elts jier sis ik dat. Ik goai it op it jild mar yn wèzen sjoch ik tsjin dy drokte op. Wat foar soart  aansichtkaarten en hoe folle?. En dan de segels noch. Hoefolle sil ik nimme? Twa as fiif fellen? Skoansusters en freondinnen binne al in healjier dwaande. De iene kaart is noch moaier as de oare. It meitsjen fan kaarten is ta kunst ferheve. It is al sa fier kaam dat tusken ferskate makkers de konkurrinsje fûleindich wurden is; wa makket de moaiste?

Ik moat mar wer nei de winkel. It is net oan my bestege. (En dochs docht it my osa goed as immen de muoite nimt om my san prachtiche eigen makke krystwinsk te stjûren)

Wat seist?” Myn man is yn tiid mei syn tinzen wèr thùs. “O…“, sis ik; “Iik bin er al ùt.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien