Op stap

De koer

troch Posted on 5 Comments 1 min read 623 views

Max en ik bringe  in berg âld papier nei de container. Dat doche wy geregeld. Neist de papiercontainer stean noch twa  fan dy dingen; de iene foar flessen en de oare foar klean. En dat is it him nò. Min set er fan alles del. Yn de jûntiid ferhùzje en dan yn it tsjuster de brot by de containers sette. Sa fyn ik somtiden hiel nijsgjirrige saken.

En nò stie der in hiele grutte reidenkoer kompleet mei lid. Ik wie ferkocht. Ik ha wat mei reid. Ik tink dat it fan eartiids komt. Doe wie hast alles fan reid; reiden matten foar stuollen as flier mar ek reiddutsen dakken en noch folle mear. It strielde waarmte ùt mar wie ek goedkeap. Ik kin him net stean litte. De hûn byn ik om 'e mul en sa sleep ik de koer nei hûs ta. Myn man sjocht my oankommen en skothollet. "Wer moatte wy mei dat ding hinne?" ropt er.

Fan wa soe hy west hawwe der bin ik nijsgjirrich nei...

Bomans & Bosshardt

troch Posted on 1 Comment 1 min read 626 views

De telefoan giet. 'Godfried' freget as de 'Majoor' al oansprekber is. Elke moarndeitemoarn moatte wy by prate. Godfried Bomans en Majoor Bosshardt.

Jierren allyn ha ik twa unyke jonges kinnen leard. De iene in rasechte Amsterdammer en de oare in Fryske jonge fan it platte lân. It wie osa wennen foar de Amsterdammer; hy miste syn femylje mar ek de sted. Yn dy tiid rekken wy yn 'e kunde. It  klikte foart en daliks. Wy waarden freonen foar it libben.

Foaral de Amsterdammer;  hy wie de âlste fan in hushâlding fan tolve bern. Oeren oan ien koe hy fertelle oer syn bruorren en susters. Hy koe fan alles. It wie in tûzendpoat: kapper, kok en kroegbaas mar altiid eigen baas. Wy hawwe tegearre gûlt mar ek hiel wat ôflake. Alles koene wy oanelkoar kwyt. Wat wy ek bepraten; it bleun under ùs. Sneontemiddeis. Fèste tiid. Dan waard op my rekkene, de hapkes en de drankjes stienen klear en dat jierren oan ien. 

Samar yn ienen, troch in hertoanfal, wie hy der net mear. 

Nea sil de telefoan wer gean foar Majoor Bosshardt en Godfried Bomans. ;-? 

 

Ùtpûste

troch Posted on 3 Comments 1 min read 558 views

"Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje." "Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?" freget myn man. "Wist wat," sis ik; "myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein."

En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò mei in hûn en in stekwein by de trein? Mar al dy drokte hie net nedich west want hy hie al syn begage op tsjillen. Wy rinne achter him oan: Max, ik en it stekweintsje. "It hie net hoecht," sizze wy tsjin elkoar; "Hy kin him sels wol redde." Sa giet it as minsken folwoeksen wurde.En der moat de omkriten noch oan wenne.

Max is wer de âlde hûn, syn minsken binne allegearre wer thùs. "Ïk moat oefenje," seit myn man; "kinst my helpe"?

"Ik moat earst ùtpûste," sis ik; "en dan gean ik op fekânsje. Der is fèst noch wol in last minute reis." 😆

Besikersoere

troch Posted on 4 Comments 1 min read 513 views

"Ik bin hjoed oerbeppe wurden!" ropt in âld minske; "Binne  jo ek al beppe?" Op myn nè noch net, giet se troch.

Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch de seal. Alle bedden binne beset. Meastal binne it bonkebreuken. Allegearre opdien troch de gledte. In jong famke leit te dikerjen nei it plafond. Ik wol efkes nei har ta mar myn man seit; "Nèt dwaan, der is wat mei har...".

In  man fan in oar bed ropt nei my; "Ik kin jo wol. Ik ha jo eartyds op in sneintejûn thus brocht?" Ik sis; "Dat wit ik net mear, ik hie sa folle dy my thus brochten!" Myn man sjocht my te mûk oan. "Wie dat sa ?", seit  er. "Dat sil ik dy noch wol ris fertelle.", sis ik. It weintsje mei kofje en tee komt lâns en efkes is it stil.

Dan sil ik foart in man giet foar my stean en seit; "Myn frou is okker deis ferstoan. Wolle jo es lâns komme?" "Jo moatte earst mar es opknappe," sis ik; "dan sjoche wy wol wer..."

It famke dikert noch altyd nei it plafond. Wat soe dèr te sjen weze! 

Lego

troch Posted on 9 Comments 1 min read 721 views

In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne.

Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn 'e doek en de oare de rjochter earm. In famke dat mei in pynlik gesicht neist my sit, andert op myn fraach: "Ik ha myn kaaibonke brutsen." De frou neist har freget; "Wat is dat?" "Zij heeft haar sleutelbeen gebroken.", seit de heit ferûntskuldichjend; "Sy hat in Hollânske mem, sjoch. Mar ik wol dat sy Frysk praten leart."

Ynstimmend knikke de minsken om him hinne. Ien foar ien wurde de oanwèzigen oproppen. De wachtkeamer rint aerdich leech. Mei daverjend geweld falt de toer om. It jonkje hat al lang wer wat oars sjoen dat him yn de besnijing hâld. 

En mei it omroppen fan ùs namme betink ik my; "Wie it libben maar sa simpel as Lego. Dan koene wy hieltyd wer opnij begjinne..."

De Paraglider II

troch Posted on 4 Comments 1 min read 615 views

Mei in ôfgriiselike grutte rêchsek stiet hy midden yn de keamer. Ùs paraglider sil (wer) nei Afrika. Hy is in fanatyk fleaner. Al wiken fan tarieding binne foarby gong. In heal jier allyn hat er fleantickets bestelle. "Dat skeelt my hûnderden euro`s...", seit er. Fan alles waard troch de besteltsjinst by ùs thus besoarge. Ûnwiis grutte doazen stiene yn 'e gong, wy koene amper by`t hùske komme. "Moat it nò sa?", sei myn man wol es. 

It is  safier: hy komt noch efkes ofskied nimmen. Jûns let wurd er skille; "Ik bin yn `t hotel oankaam, hear." De oare moarns kry ik in sms-ke: "Ik stap nò yn`t fleantuch, hear!"

Besoarge âlders dy him fan alles gunne, bliuwe achter. Ik tink oan de âlders fan André Kuipers. Hoe soene sy hun fielle?

Boadskipje

troch Posted on 5 Comments 1 min read 739 views

"Kin ik mei dy te boadskipjen fanne middei?", freegje ik de soan. Hy is even thùs mei de auto en dan moat ik myn trekken waar nimme. Dat gesjouw mei dy swiere tassen èk. "Jawol." seit er. It klinkt net sa entûsjast.

Ik ha in suster mei fjouwer soanen en fjouwer skoandochters. Twa der fan binne Oekraïensk, ien Ingelske en in Fryske. Myn suster wurd op`e hânnen droegen. "Wil mem mee de stad in?". Der is altyd ien dy mei har opstap wol. Dat liket my sa aardich om mei in skoandochter en in flinke beurs te shoppen.

Yntusken stean ik mei in ûnmooglike swiere tas foar de Super te wachtsjen mar gjin soan. Wat kleur hie dy auto ek al wer? Ik sleep my oer it parkearplak mar sjoch gjin bekende auto. Se lykje allegearre op elkoar. Dan mar werom en ik stean wer op it plak fan sa krekt. Ik begjin myn nocht te kryen. Wer sit dy ferhipte jonge dochs? De foarbygongers swaaie al nei my:  ik begjin in fertrouwd strjitbyld  te wurden. En mei dat ik in taksje oan hâlde wol stiet er foar myn noas. "Wer bliuwt mem nò?" En sa rinne wy al fûterjend nei de auto. "Mem moat altyd de telefoan by har ha." seit er noch.

Ik tink oan dy skoandochters. Miskyn ha sy noch in pear susters thus. Ik moat mar es ynformearje...

Wûnderbaarlikens

troch Posted on 10 Comments 1 min read 988 views

"Ik kom thus hear en ik nim noch wat minsken mei want dit fenomeen kinne se hjir net." seit de dochter ùt Thailân; "Soarget mem foar de slieperij en iten?"

Myn freondinne en ik sitte tegearre oan de kofje. En kinne er net oer ùt: dy heisa om de Alvestèddetocht . "Wat wie dat eartiids oars." seit se; "Myn broers ha him ek riden mei gewoane dikke klean oan. Lange ûnderbroeken en de Hepkema en de Ljouwerterkrante  foar de teare dielen. En nò ha se ùtbalanseare lichtgewicht pakken oan en dan noch dy klapredens! Ùs houtsjes hingje nò as trofee oan de muorre. "

En sa gean wy noch in skofke troch en fernuvereje ùs oer de tiid fan hjoed de dei. "Mar," sis ik; "Ast it goed beskôgest, dan sitte er ek moaie siden oan. De minsken binne hiel oars as by it foutbaljen. Hjir is noait rotsoai by en ien en al entûsiasme."

Lit ùs dan mar oer de hiele wrâld gean. It is fantastyske reklame foar Fryslân. En der binne wy dochs grutsk op? Mei in Bearenboarchje toaste wy op in tige slagge Alvestèddetocht.

bron foto: NRCnext

Poèzije

troch Posted on 4 Comments 2 min read 891 views

Der stean ik dan op it poadium yn café De Twa Gemeenten yn Jirnsum. Ik praat dan oer in foardrachtskriich sa as dat eartiids dien waard. Mei in kabaretselskip ùt Âldeboarn ûnder lieding  fan Jappie de Vos. Ien fan ùs song, in oare fertelde grappen en ik droech foar.

Ik wie noch hiel jong, spoekbenaud en hielendal gjin underfining. De seal rûn fol ik winske dat ik thus siet. Nei dat de foarsitter fan it pleatselikbelang de jûn iepene hie moasten wy ùs kunsten fertoane. As de dei fan juster wit ik noch wat foar gedicht ik foardroeg.

De titel wie Najaarslaan, fan Jacqeline van der Waals. Hja wie yn dy tiid in ferneamd dichteres, skriuwster en fertaalster. Yn de sjuery siet ûnder oaren Roel Bergsma ùt Terherne. Mei in earste priis yn de bûse soarge hy  ek dat ik troch de N.C.R.V. yn Hilversum ùtnoege waard. Wat ha wy in moaie dei hân. Ik hie in hiel soart supporters meinaam.

Ik keek in de gouden heerlijkheid
Van een najaarslaan,
Het was of ik de goudene deuren wijd
Zag openstaan,
Het werd mij, toen ik binnen ging,
Of ik door gouden gewelven liep:
Ik aarzelde even, ik ademde diep,
Diep van verwondering.
Ik voelde mij eerst als een kindje, dat stout
Doet wat verboden is;
Ik sprak: "Zijn voor mij die gewelven gebouwd?
Ben ik zoo rijk, dat van louter goud
De gang mijner woning is?"
Toen sprak ik: "Deze gouden grot
Is immers geen menschenpaleis."
Ik sprak: "Het is een betooverd slot,
Dat lang op sprookjeswijs
Geslapen heeft en stil gewacht,
Op één, die de poorten ontdekken zou,
De doode gewelven wekken zou
Van 't huis, dat ieder menschenhuis
Te boven gaat in pracht."
Ik sprak: "Hoe ben ik zoo rijk, zoo rijk!
Hoe ben ik zoo rijk, mijn God!
Welke aardsche woning is gelijk
Aan dit, mijn sprookjesslot?"
Trotsche, of ik een prinsesje waar,
Ging ik door 't goud;
Aan beiden zijden stond daar,
Schragend de gangen, hoog en zwaar,
De zuilen opgebouwd.
Waar gouden de portalen zijn,
Hoe zullen daar de zalen zijn!
Ik zag aan 't einde van mijn pad
Een kleine ronde poort,
Als blauw saffier in goud gevat,
En haastig, vol verlangen trad
Ik door de gangen voort.
Ik sprak: "Als bij mijn aankomst wijd
Die poorten openstaan,
In welk een groote heerlijkheid
Zal ik dàn binnengaan,
Indien van goud de gangen zijn,
Hoe groot moet mijn verlangen zijn,
De zalen in te gaan!"

Spitich genoch hat it fèst net goed genoch west want sy hawwe my noait wer frege. De Dei fan de Poèzije. Yn myn tinzen stean ik op it grutte podium yn De Twa Gemeenten...

Hands reaching across borders

troch Posted on 0 Comments 1 min read 568 views

Ien kear yn it jier ha de Menisten in Broedersschapsdei. Jimme sille wol sizze: "Wat is dat?"

Oeral op de wrâld wurd dan oandacht bestege oan de doopsgezinden (Menisten). Op san dei komme wy byelkoar yn alle tsjerken oer de hiele wrâld en hawwe it selde programma. De selde bibelteksten mar ek de selde gebeden en lieten.

Sa ha wy snein nei Ljouwerd west mei in grutte ploech minsken.Het thema fan de tsjinst wie: Hands reaching across borders  (Rik elkoar de hân oer grinzen hinne). De bibeltekst wie ùt Galatièrs 3:28: Joad of Gryk, slaaf of frye, man of frou, dat makket neat ùt. Want jimme binne allegearre mei-elkoar ien yn Kristus.

Dernei binne wy nei it moaie nije gebou fan Tresoar en Afûk setten en koene sa de skiednis fan de Menisten folgje, sawol ùt ùs provinsje as fan ùs lân. Nei in nijsgjirriche ùtliz fan Prof. Piet Visser oer de Menisten ùt it Fryske ferline wat bytiden hiel hilarisk wie (as echte fries om ùtens koe hy der hiel komysk oer ferhelje). Nei dat wy twa ferskate eksposysjes besjoen ha bringt de trein ùs wer thus.

Sa gean wy al debattearjend oan de wyn en de pizza. Binne wy it meielkoar iens? Dat is noch mar de fraach...