Op stap

Skuorsek

troch Posted on 0 Comments 1 min read 487 views

Ha jimme dat ek wol es? In misse dei in dei dat min yn de skuorsek sit. Dat oerkaam my juster: alles rûn tsjin. Gjin waar foar de tùn, ik soe fan alles dwaan mar yn dy blabze kin men neat. In hûn dy `t op stjerren nei dea is. Stoofparkes oanbrânne litten en de stofsûger ferrekt it. In soan soe nei Spanje en miste syn fleanmasine en moast stoom ôfblaze.

Ik tocht ik moat er ùt, de wyn om 'e holle en dom wei nei it doarp rinne. Al gau bruts de sinne troch en sa stean ik mei tassen fol boadskippen by de bushalte. Ach hearkes... by de wachtsjende minsken stiet in bekinde fan my. En ja hear, dèr begjint sy al mei de oanfal. "Hoe âld bisto eigentlik?", freget se my. Foar dat ik antwurdzje kin komt er help ùt ûnferwachte hoeke: "Fest jonger as jo binne sa te sjen!", seit se. Ik kin it fremde minske wol tùtsje... dat hie ik op dat stuit nedich.

Somtiden binne it mar lytse dingen dy`t jo er boppen ùttille.

Ik bin wer ùt de skuorsek en kin it deistiche libben wer oan, de sinne skynt  en de stofsûger docht it ek wer.

Mei oare eagen

troch Posted on 0 Comments 1 min read 398 views

Ik sit by de optisien foar in grutte spegel my sels te besjen. Nò, dèr wurd jo fansels net flearich fan dus dat doch dan ek nèt. Mar somtiden kin min der net underùt; ik moat in oare bril ha. Ik seach de lytse letterkes net goed mear. En dan kin min raar it skip yn gean,sis nò sels!

In aller aardichst Moslim frommiske stiet my te wurd. Hja steld har foar en seit dat sy in diplomearre optisien is. Ik wie foart mei har thùs en in pear moaie brùne eagen sjoche my betroud oan. Nei dat se myn eagen opmjitten hat sykje wy tegearre in hip montuer ùt. Neffens har sjoch ik dèr in stik jeuchliker ùt. We nimme hertlik ôfskie en mei in pear wike kin ik de bril ophelje. Op advys fan in Moslim eachdokter en in Moslim optisien kin ik straks wer alles sjen.

Soe ùs regear nèt wat mear dèr nei sjen moatte? Hja wurde noch weardefol foar ùs maatskippij...

Moai Gaasterlân

troch Posted on 0 Comments 1 min read 514 views

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s.

It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar mar it gebak makke alles goed. Dû nei it natûrmeseum Mar en Klif. Nei dat wy in spektakulère film sjoen ha fan hynders en dûnsers giet it fjierder. Op nei Himmelum wer`t wy in prachtiche tûn besjen mochten en plantsjes keapje koenen. It stel froulju wie yn tiid al fleuricher wurden en de iene koe it al moaier opsizze as de oare.

Yn Staveren krygen wy in rûnlieding fan in entûsiaste gids, dy ùs alles fertelde oer de stèd, mar bytiden mear nocht hie oan syn harkers dan oan de âlde gebouen. Nei dat wy de Toankamer Ponthus en in galery besjoen hiene, foelen wy deawurch op in terrasje del oan sè. En sa kamen wy lang om let yn it wokrestaurant op 'e Jouwer.

It wie wol wat oan 'e lette kant dû ik thus kaam mar myn man is wat went en sjocht nearne raar mear fan op.

Wat ha dizze famkes fan Contact in moaie dei han. In dei fan wille en ienriedigens. Wy doche it es wer.... 


Grotere kaart weergeven

Skoalreiske

troch Posted on 0 Comments 1 min read 460 views

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der hie min noch gjin weet fan. Dèr waard wol sein, nèt healwiizje en goed fèsthâlde. De dyken wiene ek noch nèt sa goed as hjoed te dei, wy hâlden mekoar fèst en as de auto oer in bult rydt dan fleachen wy ûnder grutte hilariteit troch de fèwein.

Yn Appelskea oankaam wie de helte fan de bern beroerd en mislik. Mar mei de ranje en de tontsjes ko-iis wiene wy al gau alles fergetten. Wat ha wy ùs fermakke yn de sânkûle en de boarterstùn. De dei fleach om en al gau moasten wy wer yn de fèwein nei hûs ta. Dat skeat my yn iens yn`t sin dû ik in grutte lùkse toerbus foar de skoalle stean seach . Se soenen mei de skoalbern nei it bûtenlân , sei de sjaufeur .

Soene dizze bern letter ek sokke moaie oantinkings  ha, freechje ik my ôf.  Tiden hawwe tiden, is`t nèt wier?

Nifelder

troch Posted on 0 Comments 1 min read 488 views

"Past it dat ik efkes om in bakje kofje kom?", freechje ik myn soan.  In jier al wat allyn hawwe hy en syn broer elk in flatsje kocht yn it selde kompleks. De wenten wiene tige fertutearze en waarden spotgoedkeap ferkocht. Tsjin de âldste soan seine wy: "Soe sto dat wol dwaan?" , wittende dat hy twa linker hannen hie. "Fansels..." , sei hy; "Ik meitsje der wol wat fan." 

Dat is nò al in pear jier allyn en der is net folle oan feroare. Hjir en der in kwast ferve en dat wie it. Mar de oare soan hat it yngripend ferbouwd. Allinne de muorren bleune stean. Faaks ha wy tocht:"Wat sil dit wurde?" Mar stadichoan kaam der feroaring. Plafond, flier en duorren: alles waard fernijd. It hat him hiel wat switdrippen koste. It is dan ek in prachtiche wente wurden. En de oare soan, wat hat hy it altiid smûk. "Meitsje mar in stoel leech , hear," seit er, stekt in kearske oan en skinkt in bakje kofje yn. En as ik dan fersichtich sis: "Moast it ek es wat oprèdde?", seit er; " As fynt mem it dan nèt gesellich?" 

Wat in ferskil tusken dizze beide broers: de iene in nifelder en de oare in genieter.  Elkenien fynt syn lok op in oare wize. As men mar gelokkich is.....

Rommelmerk

troch Posted on 0 Comments 1 min read 544 views

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke.

It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane wurd  it troch jûn en it hûs as flat wurd opromme en skjin makke. En dan moat it noch priizge wurde fan it lytse oan 't grutte guod ta. En dan, as it sa fier is. stean wy wol mei in hûnderd frijwilligers yn it sintrum te ferkeapjen.

It is in geweldige dei, in dei fan mienskipssin mei elkoar wurkje foar ien doel. Sa hat elts syn plak fûn: de iene by it wyt guod en de oare by it diggel guod. En sa stean ik by de ôftanke bult klean. Fan alles giet ùs troch de hannen. Fan dûnstekkens , underbrûken oant klean fan ûndùdlike ôfkomst.  Mar wat my it meast noch boeie kin binne de ferskate minsken. Fan ôf ien euro moat er ôftinge wurde.Oan t ein fan 'e dei binne wy tige foldien en dik tefreden.                                                                                                                                                                                      

In pear froulju ùt in fremd lân jouwe my in han en laitsje nei my . Bin ik te gol west? Ik wit it net mar it jout my in goed gefoel. Der giet it dochs om? 

Foto: Rommelmarktblog

Hûs te keap

troch Posted on 0 Comments 1 min read 562 views

"Wat staan hier een huizen te koop...", seit it jonge frommeske.

Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: "Mijn huis staat al twee jaar te koop." Hja fertelde dat sy ùt Amsterdam kaam en ferhuze wie om har dochter. Mar de dochter wie yn tuskentiid skieden en wenne  earne oars. En nõ wie hja osa unwennich en woe werom nei Amsterdam. "Wat bind my hier nog?", seit se tryst. 

It jonge frommiske fertelt dat sy studinte is en hjoed op kurses moat. "Ik ben al uren onderweg om hier te komen. Wat een uithoek, zeg!" By de bushalte stappe hja beide ùt. Ik druk noch gau de frou myn adres yn de hân en sis: "Kom maar langs, u bent altijd welkom".

Ik nim my foar noait de bern achternei te reizgjen hoe bèst de ferhâldings ek binne. Dus soanen: by dizze!

Krysant

troch Posted on 0 Comments 1 min read 558 views

Ik stean yn in supermerke foar de toanbank en sis tsjin it famke; "Ik wol graach wat ôfrekkenje." Hja sjocht my fremd oan want ik ha neat yn myn hannen. "Wat woene jo betelje?",freget hja. "Ik ha juster in pot Krysanten mei naam en net ôfrekkenne..", sis ik.

Ik fiel my oplitten. De minsken efter my sjoche my nijsgjirrich oan mar ek begrutlik. Jo kinne oan de gesichten sjen dat hja fan alles oer my betinke. It stumper koe har fingers net thùs hâlde en hat spyt krige. As it is in kwaal it komt yn de beste femyljes foar. Mar sa wie it net.

Ik rûn juster mei in ôfladen karre de winkel ùt en sa kaam ik myn soan tsjin. Hy sei; "Moat mem noch mear planten ha? Mem hat al sa folle." En sa diskusjearjende  wei set ik de Krysant op de boadskippen en rin er mei nei it parkearplak. It skeat my fannacht samar yn`t sin. Ik ferskeat der fan lokkich wie it tsjuster. 'Moarn dalik hinne' seit myn gewisse.

En sa stean ik hjir nò en skamje my djip. Mar it famke seit fleurich; "Ik hoop dat de plant goed tierje mei en betanke dat jo kaam binne." Wat kin min nuvere setten dwaan, net? De Krysant hat in apart plakje krige. Ik sil goed op him passe.

Tsjerkepaad

troch Posted on 1 Comment 1 min read 773 views

Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske oargels sille hun lûd hearre litte. Dizze tsjerkepaaddei rint al foar it achste jier en lûkt tûzenden besikers.

Yn eltse tsjerke is wat te dwaan; tentoanstellingen fan keunstners ùt eigen doarp as stèd. Ek konserten wurde der jûn op oargels fan fryske oargelbouwers. En dy hie Fryslân ieuwen lang. Yn Ljouwert wurkje hjoeddedei noch oargelbouwers ûnder de namme fan Bakker en Timminga.

Wat ha wy dochs in rike skiednis, betink ik my. Ach, ik wurd der bytiden lyrysk fan as ik sa troch ùs provinsje ryd en oan de kime al dy toarrens boppe it lânskip ùt stekken sjoch. Lokkich binne der ynstânsjes en hûnderden frijwilligers dy passe op ùs erfguod.

"Komst ek noch?", hear ik myn freon roppen;"It rint stoarm..."

Foto: Doopsgezind-web-log.nl (klik afbeelding)

Griene Fair

troch Posted on 0 Comments 2 min read 571 views

Yn de moaie parktûn fan "Residentie Oranjewâldflat" stean san fiif- en tweintich kreamkes yn 'e rûnte opsteld. En tusken dy standhâlders stean wy mei in kream fan eigenmakke sieraden.

It doel fan de "fair "; it moat in grien karakter hawwe. Dat hâld yn, eigen makke produksjes en miljeu-freonlik. Fan alles kin jo der fine, fan eko jirpels en griente oan`t sels makke wyn en sjem ta. Eigen makke huodsjes en tienen kuorkes. Wat binne minsken dochs kreatyf. Ik ha der grutte bewûndering foar. Mar we hawwe it waar tsjin, de iene buie jaget op de oare. Wy ha hâlden en kearen om de boel op de tafels te hâlden. It publyk bliuwt wei, de âlde minsken fan it fersoargingshûs stean ùs mei meilydsume gesichten foar de ruten oan te sjen. De frou efter ùs kryt in bots wetter oer har hinne; it tintdak bejout him.

Yn koarte tiid rint it wetter ùs ta de boksen ùt. Troch de mikrofoan hearre wy hoe Reitse Spanninga -de kok fan omrop Fryslân- de "fair "iepend. In Tilbury mei Fryske hynders dindert oan ùs foarby. Stadich oan klearet it op en de sinne komt der by. It wurd noch gesellich ek en goed ferkocht. Einlings is dizze fair in reuny: it is in dei fan moetsjen wurden. Guon lju untdekke freonen fan lang ferlyn en witte net dat sy yn it selde hûs wenje .

En de man fan de eigen makke wyn docht goeie saken. It is ommers o sa smout en smûk...!