Hands reaching across borders

Ien kear yn it jier ha de Menisten in Broedersschapsdei. Jimme sille wol sizze: “Wat is dat?

Oeral op de wrâld wurd dan oandacht bestege oan de doopsgezinden (Menisten). Op san dei komme wy byelkoar yn alle tsjerken oer de hiele wrâld en hawwe it selde programma. De selde bibelteksten mar ek de selde gebeden en lieten.

Sa ha wy snein nei Ljouwerd west mei in grutte ploech minsken.Het thema fan de tsjinst wie: Hands reaching across borders  (Rik elkoar de hân oer grinzen hinne). De bibeltekst wie ùt Galatièrs 3:28: Joad of Gryk, slaaf of frye, man of frou, dat makket neat ùt. Want jimme binne allegearre mei-elkoar ien yn Kristus.

Dernei binne wy nei it moaie nije gebou fan Tresoar en Afûk setten en koene sa de skiednis fan de Menisten folgje, sawol ùt ùs provinsje as fan ùs lân. Nei in nijsgjirriche ùtliz fan Prof. Piet Visser oer de Menisten ùt it Fryske ferline wat bytiden hiel hilarisk wie (as echte fries om ùtens koe hy der hiel komysk oer ferhelje). Nei dat wy twa ferskate eksposysjes besjoen ha bringt de trein ùs wer thus.

Sa gean wy al debattearjend oan de wyn en de pizza. Binne wy it meielkoar iens? Dat is noch mar de fraach…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien