Frijheid

“Sy moat rijles ha.” sei myn skoanheit tsjin myn man. “Wêrom?” sei hy; “Ik ryd har oerâl hinne.“ “Sy moat selsstannich wurde. Der kinst allinne mar baat by fine.“  Dat wie yn 1958. Myn skoanheit wie syn tiid fier foar ùt. Mar foar dat ik myn earste auto krige moast er hiel wat wetter troch de sè [Lês mear »]

Naivens, noflikens as needsaak

“Wat betelje jimme oan hier?” freegje ik myn skoansuster. Se sjocht myn broer oan. “Wist sto dat?” “Nè, ik soe it net witte.” seit er; “Ùs Geale docht de boekhâlding.” “We hawwe ek wer hiersferheging krige.” sis ik tsjin myn suster; “Hoefolle hasto krige?” “Ik soe it net witte.“ seit se; “Jappie rêd him der mei.“ Yn dy [Lês mear »]

Fertriet

Juster kamen wy te witten dat Prins Friso oan de gefolgen fan in sky ûngemak ferstoarn is. Nei moannen fan hope en ferwachtings is it foarbij. Wy libje mei de Keninklike femylje mei. Ek wy hawwe trije jongens wer fan de âldste troch in hertoanfal ferstoarn is. Dêrom kinne wy ùs goed ynlibje yn it [Lês mear »]

Hâldst noch fan my

Wy sitte op in terraske oan it wetter en binne in middei op stap. Sy hat in auto en ik traktearje. Ik kin har al in heale ieuw. We trouden tagelyk en krigen beide bern, sy famkes en wy jonges. Der wiene in soart oerienkomsten tusken ùs. En dêrom past it sa goed, tink ik. [Lês mear »]

It wurdboek

“Ik moat in nij Frysk wurdboek ha.” sis ik tsjin mysels. Myn âlde falt ùt elkoar. Hieltyd lizze de blêdden ferspraat oer de tafel en op è grûn. It leit al lang net mear op it alfabet. En as ik in wurd opsykje moat is de blêdside net mear te finen. En dochs ha ik [Lês mear »]

Feralterearre

De telefoan giet en oan it lûd hear ik dat er wat oan ‘e hân is. “Is er wat?“ freegje ik. “Gerrit is stoarn. Wit mem wol; myn buorjonge.“ “Hoe is dat mooglik?“ sis ik, fol unbegryp. “Hy wie op fekânsje nei Yndonesië. It wie syn lêste dei en hij soe nei hûs. Doe krige hy in [Lês mear »]

Smoke

Hans Teeuwen rookte in sigaret yn it programma fan Zomergasten. Dat hat in protte argewaasje jûn. De minsken binne it net mear went. En boppe dat moat er ek noch 600 euro boete foar betelle wurde. Hy sels hie der gjin noasje fan wat er die, sei hy. Ùs jonges smoke ek en wolle der [Lês mear »]

Underskied

Yn in grutte rûnte sitte wy yn de keamer. De measten kin ik wol. It binne al jierren de selde lju. En as de freonskip al âld is feroaret er neat. Allinnich de rûnte wurd lytser, de lju wurde âlder en falle der by wei. In freondinne fiert har jierdei se is tachtich wurden. It [Lês mear »]

Ôftakeling

Myn man moat in eachkorreksje ûndergean. Syn eachlidden sille ynkoarte wurde. Al in pear jier hat hy tige lêst fan ûntstekkings. En sa sitte wy te wachttsjen op de man dy der wat oan dwaan sil. Wylts hy ûnder it mes is sit ik om my hinne te sjen.  In pear minsken bledderje wat ferfeeld [Lês mear »]

Oebele

“Binne jo moarn thus?” freget er; “Ik bin Oebele, de timmerman.” De huzen yn ùs strjitte sille skildere wurde en no giet hy foar de fervers ùt om de rottiche plakken te reparearjen. Ik hie al in pear kear de hierbaas skille oer de minne steat fan de ferve en ferskate mailtsjes stjûrd. Mar der kaam [Lês mear »]

>