Frijheid

parallel-parking32“Sy moat rijles ha.” sei myn skoanheit tsjin myn man.

Wêrom?” sei hy; “Ik ryd har oerâl hinne.

Sy moat selsstannich wurde. Der kinst allinne mar baat by fine. 

Dat wie yn 1958. Myn skoanheit wie syn tiid fier foar ùt. Mar foar dat ik myn earste auto krige moast er hiel wat wetter troch de sè spiele.

Mei in bern achterop de fyts, ien foarop en fan de tredde swier yn ferwachting fietste ik troch de drokste strjitten fan myn wenplak. Oant ik in botsing krige op in drok kruspunt. In freon fan ùs seach dat en sa krige ik al gau in healsliten auto.

Ach, wat wie ik der bliid mei. Heit en men ophelje, de bern nei sport of it swimbad bringe en mei freondinnen der op ùt. Wie de auto tenein, dan kaam er in oare twaddehâns. Sa ha ik er hiel wat fersliten. 

Doe kaam er in bestelbus dy folle grutter en langer wie. “Dy is funksjoneler.” seine de soanen.

It earste ûngemak krige ik op it krùspunt EarsterwâldeAppelskea. Myn broer Pieter mei de foet yn`t gips, myn suster Tsjerkje  de kaak stikken. Geart  hat wiken kreupele. En ik kaam er goed foar wei. Allinne: ik ha nea wer riden want de manlju woenen in noch gruttere folkswein.

En nò lit ik my ride en freegje my ôf: wer is myn frijheid bleun?

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien