Ôftakeling

alzheimerMyn man moat in eachkorreksje ûndergean. Syn eachlidden sille ynkoarte wurde. Al in pear jier hat hy tige lêst fan ûntstekkings.

En sa sitte wy te wachttsjen op de man dy der wat oan dwaan sil. Wylts hy ûnder it mes is sit ik om my hinne te sjen.  In pear minsken bledderje wat ferfeeld yn âlde tydskriften.

Dan yn ienen sjoch ik har sitten; Gelske. Wy fietsten eartiids tegearre nei de hushâldskoale. Sy wie de dochter fan de slachter ùt myn doarp. Sy hie ien suster, in tige knap ding. Jo moasten wol omsjen as hja foarby kaam.

Samar ynienen kaam er in oan har libben. Fan doe ôf oan moast Gelske thus komme en waard faam by heit en mem. Letter trouwde se mei de buorjonge, de soan fan de bakker. En sa bleun se de faam fan man, heit en mem. 

Smoarryk bleun se achter. Mar wol allinne.

Gelske!” rop ik noch ris; “Kinst my noch wol? Wy fytsten altiid tegearre skoalle.” Se glimket mar kin my nèt meer. De ôftakeling is ùt ein set. 

Mei in grutte pleister op syn each stiet de man te wachtsjen. Wer bliuwt se nò?

Diele mei:

7 Comments on “Ôftakeling

  1. Ik bedoel mear; as Gelske NO mar gelokkich is. It skynt dat dementerende minsken dat weze kinne; hiel gelokkicyh. Omdat sij net better witte dan dat.

    • De tiid foarôf is it slimst as it minske it sels yn è gaten kriget. Tink mar oan dyn beppe.

  2. Sterkte en beterschap, voor Sjouke. Alles goed gegaan?

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien