Underskied

knipYn in grutte rûnte sitte wy yn de keamer. De measten kin ik wol. It binne al jierren de selde lju. En as de freonskip al âld is feroaret er neat. Allinnich de rûnte wurd lytser, de lju wurde âlder en falle der by wei.

In freondinne fiert har jierdei se is tachtich wurden.

It falt my op dat er underskied komt tusken dizze minsken dy elkoar al jierren kinne. In eachtpear is krekt wêrom fan in cruise oer de Middelânske sè. In oar pear ferhellet fan hun fekânsje yn Spanje wer hja in hûs hawwe. Wer in oar spantsje ha hun fekânsje troch brocht yn in hotel oan de kust.

Bisto ek fuort west?” freegje ik Beitske neist my.

Nè,” seit se; “de brune koe it nèt lûkeIk ha de keamer ferve.” En dan praat se wat sêfter. “Ik ha in prachtich bankstel op ‘e kop tikke by De Lege Knip. Suver foar neat.” Entûsiast ferhellit se oer de styl en kleuren. 

It is tiid foar de hapkes en de drankjes. Beitske is noch altiid oant it utlizzen wat se mear opknappe wol. It falt my op dat sy de ienichste is yn it selskip dy foldien om har hinne sjocht.

Soe it underskied yn de takomst noch grutter wurde?‘ freegje ik my ôf. ‘En soene âlde freonskippen der tsjin bestân wêze?

Bist moarn thus?” freegje ik; “Ik bin benijd hoe as it wurden is.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien