It wurdboek

troch Posted on 5 Comments 1 min read 239 views

wurdboekIk moat in nij Frysk wurdboek ha.” sis ik tsjin mysels. Myn âlde falt ùt elkoar. Hieltyd lizze de blêdden ferspraat oer de tafel en op è grûn. It leit al lang net mear op it alfabet. En as ik in wurd opsykje moat is de blêdside net mear te finen.

En dochs ha ik it brea nedich foar myn webside.

De measte wurden kin ik wol ùt myn holle troch underfining. Mar ik mei gjin flaters meitsje want der komt al gau reaksje op. De reaksjes kinne hiel wiidweidich wêze.

In lêzer ùt Ljouwert gong wol hiel fier. Ik koe better ophâlde mei myn side dan de Fryske taal ta skande te meitsjen. In oare lêzer lit witte; “Der sitte wol flaters yn mar dat steurt my net. Ik giet om de ynhâld.

Mar hoe kin ik no ferhaaltsjes meitsje yn it Hollânsk? Myn deistich libben myn dwaan en litten, tinken en fielen… myn bestean is Frysk.

Ha ik noch net earne in boekebon lizzen? Mar in nije oanskaffe, is dat net wat riskant? Want hoenear komt er wer in nije stavering oan?

Oant salang mar ompiele mei it âlde wurdboek fan W. Visser. Nuver eiglik, ik kin er ek noch net ôfstân fan dwaan. Hy is myn freon wurden. We hawwe  tegearre in soart belibbe.

En sis nò sels; âlde bibels en âlde wurdboeken smite jo dochs nèt by it âld papier?

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Lit de lju mar eamelje. Mem har Frysk is best genoch. En der neist ek noch unyk. Wa skriuwt noch sa moai?

trackback

[…] Lê fierder by Tiden hawwe Tiden […]

josse de haan
Guest

Goemoarn Wokke (wêr komt de namme fuort?)
Aldeboarn, foar it earst dat ik jo loch sjoch:
Harmen Wind, Hessel vd Wal, Tine Bethlehem en de optocht yn de feart, de toer net te ferjitten, dat is foar my Aldeboarn. Doe’t ik gauris fan De Himrik op reis nei Ljouwert dêr lâns kaam. Moai doarp, en troch Harm syn prachtich boek ken ik it noch wat better. In doarp fan skriuwers en sjongers en ek in komponist (Folkertsma?).
Josse de Haan, âld-Peinser, no yn Hendaye, Sud-Frankryk.

Previous
Feralterearre

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien