Smoke

Elisabeth-BasHans Teeuwen rookte in sigaret yn it programma fan Zomergasten. Dat hat in protte argewaasje jûn. De minsken binne it net mear went. En boppe dat moat er ek noch 600 euro boete foar betelle wurde. Hy sels hie der gjin noasje fan wat er die, sei hy.

Ùs jonges smoke ek en wolle der graach fan ôf maar maklik is it net.

Der binne tiden west dat it de gewoanste saak wie. Myn pake prûmke.  Yn de hoeke fan de keamer stie de kwispeldoar. Hy spuide meastal yn de rjochting fan de koperen pot mar it kaam der altyd neist.

Myn heit rookte in pipe -nò ja, twa dan- ien pipe wie yn gebrûk en de oare lei te ofkuoljen yn de jiskebak. Myn bruorren gong dermei troch mar hun froulju makken der gau in ein oan. It wie san stjonkerij fûnen se!

Myn man wie in sigaresmoker fan het merk Elisabeth Bas. Ach, wat rûkte dy lekker. Ik ha him in skoft misse moaten doe hy ùtlânsk wie. Net allinne him mar foaral de sigarereek… wat miste ik dy dan.  Ach, ik wit èk wol dat smoken osa ûngesûn is mar wat wisten wy der doe fan?

Mar dochs is der in protte gesellichheid ferlen gong mei it prûmkjen en smoken.

Wat is der foar yn it plak kaam? Sociale media sa as Twitter en Facebook?

 Tiden hawwe tiden.

Diele mei:

One Comment on “Smoke

  1. Pingback: Smoke | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien