Naivens, noflikens as needsaak

tegelWat betelje jimme oan hier?” freegje ik myn skoansuster.

Se sjocht myn broer oan. “Wist sto dat?”

“Nè, ik soe it net witte.” seit er; “Ùs Geale docht de boekhâlding.”

We hawwe ek wer hiersferheging krige.” sis ik tsjin myn suster; “Hoefolle hasto krige?”

“Ik soe it net witte. seit se; “Jappie rêd him der mei.

Yn dy tiid doe ik in winkel hie kamen wol gauris frouljesklanten mei de fraach; “Hoe moat ik mei in sjek betelje? Hun man regelde de sinteraasje.

Foaral myn generaasje liet dat oan de man oer. Ik ha my der altyd tsjin ferset. It betsjutte ôfhinklikens. En ik woe oan net ien ferantwurding ôflizze moatte.

As ùs mem ien kear yn it jier om in permanentsje gong moast se ùs heit freegje om sinten. Dat wie doe des tiids de normaalste saak fan de wrâld. De froulje wiene allinnich foar de bern en de tûzend dingen die gjin namme hienen.

Lokkich binne de tiden feroare en binne wy lykweardich wurden. Mar jo binne noait te âld om te learen. Sa lang as it kadaster noch goed wurket is it noch nèt te let.

Is it noflikens, naivens  as needsaak fan myn generaasje?

LÊS EK:  Besite
  • Sûnt wy op internet bankiere, soe ik it ek net mear witte…Wy krije sels gjin Ôfskriften meer mei de post. Dat, sa no en dan moat ik ek freechje, hoe’t it er bei stiet mei forskillende saken. Hiel werkenber dus, Wokke.

  • >