It nut

Naamloos-1“Do moast mar op naailes.” sei ùs mem do ik in jier as tsjien wie. 

De earste wie by Gerritsje, in âlde frijster en hiel strang. By Siementsje dy de grapmakkerij fan my wol weardearje koe. By juffer Mensonides, in âldfaam. Hja wie wat wrâldfrjemd; dy gearwurking wie net in sukses. Mar it lei him altyd oan my seine se thus.

Do kaam Aukje, in diplomearde lerares. En dy hat my it fak leard. En dat is letter myn wurk wurden. 

We learden fersetten (“verstellen”), sa hjitte dat do. Âlde klean oplaapje oant se wriuwerslapen waarden. Somstiden waarden de broeken sa faak oplape dat de oarspronklike kleur net mear te sjen wie. Letter waar dat hypermodern, ùs soanen koene hun gelok net op as hja san broek hiene.

Ek koenen wy kursussen folgje fan It Nut (= Maatschappij tot nut van het algemeen). It binne dierbre oantinkens oan de minsken fan eartiids en oan myn doarp.  

“It hat syn nut hân. sei ùs mem en seach my  grutsk oan.

Diele mei:

2 Comments on “It nut

  1. Nu knippen ze met opzet gaten in de broeken.
    Ik dacht dat dat alweer uit de mode was, misschien is het nu armoe.
    En wie kan er nog netjes een lapje inzetten?
    Ik leerde dat van mijn vader want mijn moeder kon niks.
    Dus terecht dat jouw kinderen hun geluk niet op konden met een door eigen moeder verstelde broek.

    Even iets anders, op mijn blog heb ik een kwis, volgens mij staat er wel een beeld tussen wat jij kent.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien