Moetings

Naamloos-1Gaat het een beetje?” ropt hy.

Ik ha my fersjoen do ik oan it boadskipjen wie. Ik sjou my in breuk oan in ofladen tas. Jimme kinne dat wol; jo hoege mar in pear dingen en jo komme mei folle mear thus. De tas giet fan de iene hân nei de oare en sa besykje ik thus te kommen.

Gaat het? hear ik noch es. Ik sjoch op. Der stiet in grutte frachtauto neist my. De sjauffeur komt my temjitte en pakt de tas op.

Stap maar in.” seit er en docht  it portier iepen. Ik kin de knaap wol, regelmjittich bringt hy pakketsjes by ùs dy de lju op ynternet bestelle. Altyd hat hy in hûnnekoekje by him dat Max is dikke maten mei him.

Ik stap yn en sa komme wy al gau oan ‘e praat. “Hier zit een Drs. naast u.” seit er; “Ik heb in Groningen gestudeerd.

Wat dochst  hjir dan op de auto?” freegje ik. “Ik kon leren als de beste maar ik kan niet goed met mensen omgaan. Ik ben 44 jaar en woon alleen.

“Nea in freondinne hân?” “Nee,” seit er; “op mijn leeftijd zijn ‘ze’ gescheiden of  hebben kinderen. Ik ben gelukkig zo als het nu is ook al verdien ik weinig.

“Zeg maar Arie.” seit er en set de boadskippen yn ‘e gong.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien