Ofskied

Naamloos-1Op de offisjele ùtnoeging stiet mei grutte letters ‘Afscheidsconcert Johan Koers‘.

35 jier hat hy ferbûn west as dosint oan de Meldije, it sintrum foar keunsten. En dat moat fiert wurde.

Der sitte wy dan mei in  grut selskip yn de grifformearde tsjerke De Fontein fan Drachten. De stuollen binne sa del set sa dat eltkenien it sicht op it oargel hat. Want der sil in konsert jûn wurde troch twa âld leerlingen fan dizze dosint. Ek it Zangensemble Hendrikje v.d. Berg sil acte de présence jaan. 

En ûnder bekende melodijen fan in draaioargel wurd de stimming er yn brocht. 

Nei in yndrukwekkend repertoire fan de oargelisten David de Jong en Jochem Schuurman, ôfwikksele troch it ensemble, kaam in ein oan dizze jûn.

Mei loovjende wurden, in hapke en in drankje namen wy ôfskie fan Johan Koers as dosint. Lokkich sille wy him noch regelmjittich tsjin komme as oargelist.

 Jonges, it heucht my noch dat jimme les fan him krigen mar it hat krèkt nèt it konsertpoadium helle. 

Mar gesellich wie it …

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien