Âlderein

Descriptive_Zoopraxography_Athlete,_Running_High_Jump_AnimatedKin it net wat flugger?” ropt de âlde man. Ik stean yn in lange rige foar de kassa. It is drok, net ien hat mear wat yn ‘e hûs, tink ik by mysels.

As ik oan bar bin sis ik tsjin it frommeske; “Wurde jo der net senuweftich fan?” “Ne, seit se; “ik wurd gek fan dy âlde minsken. Dy dogge krekt as it hun lêste oere is.

As ik myn broer skilje om efkes lâns te kommen seit er; “Fanne wike mar net want wy hawwe alle dagen wat.

Wêr hawwe jimme it dan drok mei?” freegje ik.

No, ik moat te damjen en Geartsje moat nei it koor. En moarn gean we mei de âlderein te iten.” giet hy fierder.

Ik skilje mei in freondinne. Kin ik efkes del komme foar in bakje? “Leaver nèt, seit se; “ik ha myn bridgemoarn.” 

Dan noch mar in oaren ien besykje mar dy moat golfje. De lêste hat de wurkster en dan moat hele hûs omkeard wurde. 

Ik moat oan ùs mem tinke. De ienichste dy by haar kamen wiene de dûmny en de pedikuere. En fierders rekkene se op ùs. Wy koene net faak genoch komme. 

Wat libje wy as âlderein dochs yn in befoarrjochte tiid.

Tiden hawwe tiden …

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien