Keunst-earm

trochPosted on 1 Comment1min read1153 views

Naamloos-1“Moarn!” rop ik nei de minsken. Net ien seit wat.

We sitte yn ‘e wachtkeamer fan it sikenhûs. Myn man is hurdhearich, it giet oan him foarby. Ik rop noch es, in man mompelt wat en seit; “Heu.

We melde ùs by de baalje. It frommeske sjocht net op of om en giet unfersteuber fierder achter it skerm. “Gaat u maar zitten.” seit se. ‘Hoe wit se no hoe wy der ùt sjogge?’ freegje ik my ôf.

We geane op de ieniche stuollen sitten dy noch leech binne. De lju om ùs hinne binne ferdjippe yn tablets, dat binne lytse breaplankjes sûnder borrelhapkes. De fingers fleane oer de buordsjes. De frou neist my is oan it spultsje dwaan. “It is ferslaafjend.” seit se. In oaren ien lêst it Fryske nijs.

In jongfeint oan de oare kant fan my sjocht hoefolle hy noch op de bank hat. “It falt altiid tsjin.” seit er tryst. “Is dat wol fertroud?” freegje ik him. Hy sjocht my meilydsum oan. 

Ik helje myn puzzelboekje ùt de tas en ha it gefoel dat ik net mear mei dwaan kin. Ùs namme wurd roppen. Nèt ien sjocht op. 

Wurde wy meielkoar keunst-earm? freegje ik my ôf …

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Hendrika

😀 Breaplankje sunder borrelhapke, wat een geweldige benaming voor zo’n strijkijzer :-D.

Previous
By de tiid bliuwe

1
0
Would love your thoughts, please comment.x