Grypprip

Naamloos-1-bewerktHy leit wer op ‘e doarsmatte; de ùtnoeging foar de grypprip

Om dizze tiid hinne ha wy al jierren de selde diskusje, hy en ik. En altiid freegje ik it selde; “List sto dy ek prippe?” 

Ik wit foarùt al wat hy sizze sil; “Nè hear, dèr krij ik krekt de gryp fan.”

Hoe komst er by? Dan hast it al ûnder de lea hat ùs dokter sein. En ast de gryp krijst en do hast de prip hân dan krigest it minder slim. It sil wol.” seit er mei ien each op it nijs.

Ik feroarje fan taktyk en begjin de brief lûdop foar te lêzen:

“It is foar minsken boppe de sechtich. Nò, der bisto ryklik oer hinne. It is foar lju dy hartkwalen, longsykten, nieren en diabetikus binne. 

Nò, dat ha ik allegearre net.” bringt hy der tsjin yn.

“En dan noch foar lju dy gjin ôfwar hawwe. Do kinst er sels oan dea gean.” sis ik mei ùtset lûd. “En it is ek noch fergees!” is myn lêste pylk wittend dat hy der gefoelich foar is.

Wy sjogge wol wannear it myn tiid is.

Keardels … It is dochs in hiel oar slach. Fine jimme nèt?

Diele mei:

2 Comments on “Grypprip

  1. Schoonvader haalt wel altijd een prik. Maar schoonmoeder wordt morgen 80 en ze heeft nog nooit een griepprik gehad, dat wil ze niet. Want er wordt gezegd dat je beter een a twee keer per jaar even goed de groep moet krijgen met koorts, dan reinigt je lichaam… ja. Vreemd he, als dat zo was dan konden mensen als ik, die nooit de groep hebben, wel eens een spuitje koorts kunnen krijgen.
    Ik vind dat je man gelijk heeft.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien