Utnoeging

De telefoan giet. It frommeske freget as ik in jûn fersoargje wol foar in groepke minsken. “Wèr mei?” freegje ik. “Ik lês jo ferhaaltsjes en nò tocht ik; dat is wat foar ùs.“ “Der moat ik oer nei tinke.” sis ik. “Ik lit wol wer fan my hearre.” seit se. Ik polskje myn soan. “Sil [Lês mear »]

Ùtsjoent

“Ik wol wat nijs ha.” sis ik tsjin myn man. “Alwer?” seit er. Dy man hat gjin idee wat in frou nedich hat tink ik wol ris. Ik stean foar myn kleankast en bin ùtsjoent op wat ik der lizzen sjoch. Trije plastik sekken lizze op bed. Ien fan It Leger,  ien fan De Lege [Lês mear »]

Nitelich

In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank! Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit  âldens? Sy kin wol  jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. [Lês mear »]

Trijehûndert X

Trijehûndert stikjes. Stikjes oer ferskate underwurpen. Skriuwsels sa as ik my op dat stuit fielde. Gefoelens fan ûnwennigens, fertriet, leafde, lilkens en blidens… se kamen allegear foarby. It is myn utlitklep wurden. It hat my skerper en opmerksummer makke. De eagen en de earen iepen, dat ha ik my yn de rin fan de tiid [Lês mear »]

Petear

Soan D. seit; “Mem mei wol skerper wurde, hear. As sis mar plan ùt hoe mem oer de dingen tinkt.“ We hawwe it oer myn webside. En dat is wier wat hy seit. Der rin ik faaks tsjin oan. Skriuwe oer polityk, leauwen en it sekslibben. Hoe nijsgjirrich dat op himsels ek wêze kin. Wa [Lês mear »]

Fanatikeling

“Moat ik it yn it Frysk dwaan as yn it Hollânsk?” freget de stedsgids. Wy sitte oan ‘e kofje mei gebak yn in restaurant. Wy hawwe ùs jiersliks reiske en sille hjoed de sted Harns besjen mei in offisjele gids. Hy freget noch in kear; “Moat it yn it Frysk?” “Ja,” sis ik en gean rjochtop [Lês mear »]

Bliid-gefoel

De telefoan giet. In âlde stimme freget; “Binne jo fan Tiden hawwe Tiden?“ “Ja,” sis ik; “der prate jo mei.” “Ik wol jo efkes fertelle dat ik jo teltsjes sa moai fyn.” seit se; “Sa gewoan as sitte jo mei my te praten.“ “It is sa sljochtweihinne deistich Frysk.” giet se fjirder; “Jo hawwe it ek [Lês mear »]

Behimmelje

It  is wer sa fier; ik ha wèr bonje. Wat is dat dochs wat. Ik bin noch al swart-wyt en sis wat ik tink. Der sit ik nò myn hiele libben al mei. Min seit: “Earst oan tsien ta telle en dan andert jaan.“ Myn sibben kinne my wol, dat is gjin swierricheid. Mar minsken [Lês mear »]

Swimles

“Hy hat nò in A, in B, in C en in D diploma.” seit de mem grutsk. “Giet hy ek fierder troch?” freegje ik. “Ik wol it graach mar hy wol nèt.” seit se. Se is dùdlik teloarstelle se hie hege ferwachtings . Ùs jonges gongen ek op skoalswimmen. De gemeente liet ien kear yn [Lês mear »]

De kostumiere

“Ik wit in baan foar dy.” sei myn suster. Ik hie de hùshâldskoalle hân mar wat nò? “Moast mar fjirder yn naaien,” sei ùs mem; “der bist noch al goed yn.“ Mar ik wist it nèt. Yn de fyftiger jierren wie der foar arbeidersbern net folle kar. Fierder leare koe net: dat wie net foar my [Lês mear »]

>