Putsjes

troch Posted on 5 Comments 1 min read 236 views

supermomWol mem in rits yn myn broek sette?” freget de soan. Hy hâld it ding lyk foar myn noas. En wert ik in grûniche hekel oan ha is ritsen yn sette.

Wol mem knopen oan myn jas sette? It moat wol stevich, hear.” seit in oare soan. “Wolsto myn broek koarter meitsje? Hy is my fierstente lang.” seit myn man.

Der komt in telefoantsje ùt Dutslân: “Wol mem de planten wetter jaan en de post ùt de brievenbus helje? Ik kom de earste tiid net thus.” “Ja, hear. It komt klear.” sis ik.

Komt mem in pear dagen want myn tùn moat nedich in beurt ha en ik ha der gjin ferstân fan.” skillet wer in oare soan.

Ach… wat is dat in fyn gefoel dat jo noch net ûnmisber binne.

Mar sibben; jimme mem hat dy tiid hân. Sy is in moderne frou wurden. Ik ha gjin tiid mear foar dat soarte putsjes. Siikje mar in frommeske dy soks wol dwaan wol. Smyt de broek mar foart, de jas nei De Lege Knip en nim keunstblommen. De memmeleafde giet fier mar ik ha myn grinzen ferlein.

Fan nõ ôf oan hat se allinnich mar tiid foar skriuweraasje.  😆

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

No, yn dat gefal moat ik ar efkes een oar frommeske sjen te fynen om mij te helpen yn de tun.

Elske
Guest
Elske

Dat mei in frou wurdt neat. Jonge froulju kinne hieltyd minder tradisjonele froulike taken dwaan. De froulju dogge wol hieltyd faker typyske manlike saken, sa as de container bûten sette, gers meane en de auto waskje. Gelokkich is der ynternet en de robot komt der oan.

Appelvrouw
Guest

Nou, een mem die zo haar grenzen weet te verleggen lijkt me een mem om van te houden!

Previous
Pizerich

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien