Terapeutysk

troch Posted on 3 Comments 1 min read 265 views

gardeningMoast nò al wêr meane?” ropt myn buorman; “it gers hat net iens tiid te waaksen. 

De tùn is àlles foar my; hy is myn terapeut. As myn tùn prate koe dan soe hy hiel wat oer my  fertelle kinne. Myn hiele siel en sillichheid leit er yn.

Tiden fan fertriet mar ek blidens lizze tusken it beamkeguod. It iene part hat mear wetter hân as it oare. In oar part ha ik mear omdolle moatten as nedich wie. Dat hong fan it momint ôf hoe as myn  gemoed wie.

Somstiden woe ik wol in knappe blombak oan gruzeleminten smite. Mar ek koe ik in moaie strùk oanhelje en priizje om dat er sa syn bêst die. As ik oan ein fan in lange dei fan myn winkel thùs kaam dan gong ik earst  troch de tùn. De wurgens en somstiden argewaasjes wiene opslach weiwurden. 

Mar salang as ik myn lea noch brûke kin sil ik gjin terapeut nedich hawwe.

En de buorman? Dy goeie man mat mar es lâns komme. Wurd hy rêstich fan.

DSCN1350

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Appelvrouw
Guest

Mooi plantje heb je daar welig aan de groei.
Er wordt ons toch ook veel te veel aangepraat dat we een therapeut nodig hebben, maar zelf denken en doen, afleiding, en zien en doen groeien is heerlijk. Ik denk ook echt dat dat therapeutisch werkt, maar stel je voor dat je tomaten niet willen groeien! Hoe ga je daar dan mee om?

wokkesplak
Guest

Dan kweekje toch aardbeien dat zijn toch zomerkoninkjes?

Appelvrouw
Guest

Voor 1 euro koop ik een bak Hollandse aardbeien, dat vind ik veel therapeutischer dan dat gemier op mijn hurken in de tuin voor en paar aardbeien. En ze schimmelen momenteel zo snel, moet je maar eens hier kijken: http://db.tt/YYJ7qQeh
Ik kan er niet tegen eten!

Previous
Kontroversersjeel

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien