Emoasjes 1

“Wèr sjochst nei?” freegje ik myn man. Hy sit nei in programma te sjen wer`t hy emosjoneel fan wurd. Mei in grutte bûsdoek faget hy stikem oer syn gesicht en hoastjet oerdreaun. Ik mei foarâl nèt sjen dat hy oandien is. “Frjemd.” tink ik by my sels. Dat ùs generaasje der san muoite mei hat. [Lês mear »]

Grypspuit

It is wer sa fier: we kinne de grypspuit helje. De diskusje brânt wer los. It is krekt as yn de polityk; de iene is er flak foar en de oare is der pûr op tsjin. Lju ùt de wittenskip falle yn de media oer elkoar hinne. De iene wit it better as de oare. [Lês mear »]

Nitelich

In grutske soan hat myn ‘jubileum‘ op syn Facebook set. Moaie reaksjes op hân. Tige tank! Mar dit frommeske is wat nitelich op de soan. Want wêrom moast de âldens er by? Earstens is sy is noch gjin tachtich. En dan noch… wat seit  âldens? Sy kin wol  jonger fan geast wêze as ien fan tweintich. [Lês mear »]

In jonkje mei sûker

“Jou my mar mar in jonkje.” seit myn broer. “Ja, my ek mar.” seit de oare. It is tradysje by ùs dat de manlju in jonkje mei sûker krije. Dy wizânsje ha se fan ùs heit oernaam. Moarns om elf en middeis om fiif oere en nèt mear dan twa. Doe`t se wurken nèt fansels. [Lês mear »]

Stazjêre

“Neem me niet kwalijk…” seit se. We sitte by de hûsdokter mar it is nèt ùs dokter. “Ik ben de vervanger. Uw eigen arts is verhinderd.“ In aerdich jong frommeske komt ùs temjitte. Myn man hat noch altiid lèst fan syn hûdùtslach. We binne al seis moanne oan it dokterjen. Somtiden is hy gek ferlegen fan [Lês mear »]

Petear

Soan D. seit; “Mem mei wol skerper wurde, hear. As sis mar plan ùt hoe mem oer de dingen tinkt.“ We hawwe it oer myn webside. En dat is wier wat hy seit. Der rin ik faaks tsjin oan. Skriuwe oer polityk, leauwen en it sekslibben. Hoe nijsgjirrich dat op himsels ek wêze kin. Wa [Lês mear »]

Bijke de Stabij

“Smakket it wat?” freget ùs mem oan Bijke. Hy slikket him om de bek as hie hy noch noait sa lekker iten. Seis kear yn de wike wurd har it iten brocht. Yn ùs doarp ha se Tafeltje-dek-je. It is in hiele organisaasje mei in protte frijwilligers. Minsken dy allinnich wenje -jong as âld- komme [Lês mear »]

Hearst my wol?

“Komst thus te iten?” freegje ik; “As moast wer fuort?“ Hy sjocht my oan. Ik sjoch oan syn eagen dat hy der nèt by is. Eartiids doe hy op de legere skoalle siet sei de skoaldokter; “Lokwinske. Jimme soan is nèt mear dôf.” “Wie hy dan doof?” freegje ik; “Neat wat fan murken.“ Ik hie wol [Lês mear »]

Betrouwen is thuskommen

“Lokwinske, mem.“ “Wer mei?” freegje ik. “Wit mem dat nèt? Jimme binne hjoed fjouwer en fyftich jier trouwd.” seit er. “Nè, dochs?” sis ik. Hoe ha wy it salang tegearre fol hâlde kinnen? Yn myn tinzen sjoch ik in dea senuweftich fanke op in hege stoepe stean. Fremde minsken hjitte har wolkom. Har oansteande breugeman [Lês mear »]

Hortinsje

Ùs Hortinsje stiet er prachtich by. Hy is hielendal feroare fan kleur sa as hy fan`t simmer wie.  Hy wie blierread, nò kin ik de kleuren net goed mear beskriuwe. It is in mingeling wurden fan read nei rôze. Se binne yn elkoar oer rûn. Ik kin er nèt genoch fan krije en gean der [Lês mear »]

>