Minderweardichheid

“Ik ha dat tsjin oer froulje.” seit de soan. Wy sitte yn ‘e tun mei in glêske wyn. It is wat net faak foarkomt: in fertrouwlik momint. It is stil om ùs hinne. In part fan de minsken binne noch fuort. Allinne de fûgels minge hun yn `t petear. Ynienen seit er; “Ha jimme dat èk [Lês mear »]

Putsjes

“Wol mem in rits yn myn broek sette?” freget de soan. Hy hâld it ding lyk foar myn noas. En wert ik in grûniche hekel oan ha is ritsen yn sette. “Wol mem knopen oan myn jas sette? It moat wol stevich, hear.” seit in oare soan. “Wolsto myn broek koarter meitsje? Hy is my fierstente lang.” seit myn man. Der [Lês mear »]

Pizerich

“Wat ite wy hjoed?“ Dy fraach waard my regelmjittich stelt doe de bern noch thus wennen. De âlste wie in redelike iter. Dat wie gjin probleem. De twadde wie in alles iter. Der wie neat dat him net smakke. Ach, wat wie dat noflik. Neat gjin geëamel. Mar de tredde wie in pizer. Ik koe [Lês mear »]

Frijheid

“Sy moat rijles ha.” sei myn skoanheit tsjin myn man. “Wêrom?” sei hy; “Ik ryd har oerâl hinne.“ “Sy moat selsstannich wurde. Der kinst allinne mar baat by fine.“  Dat wie yn 1958. Myn skoanheit wie syn tiid fier foar ùt. Mar foar dat ik myn earste auto krige moast er hiel wat wetter troch de sè [Lês mear »]

Kleme

It is mids yn `e nacht. Ik bin klear wekker en kin my net mear deljaan. Hoe soe it mei de soanen gean? Ik ha in skofke neat fan hun heard. No ik dochs achter it skerm sit moat ik mar efkes kontakt siikje. Myn man sliept as in poep en Max is ek allang [Lês mear »]

Hâldst noch fan my

Wy sitte op in terraske oan it wetter en binne in middei op stap. Sy hat in auto en ik traktearje. Ik kin har al in heale ieuw. We trouden tagelyk en krigen beide bern, sy famkes en wy jonges. Der wiene in soart oerienkomsten tusken ùs. En dêrom past it sa goed, tink ik. [Lês mear »]

Feralterearre

De telefoan giet en oan it lûd hear ik dat er wat oan ‘e hân is. “Is er wat?“ freegje ik. “Gerrit is stoarn. Wit mem wol; myn buorjonge.“ “Hoe is dat mooglik?“ sis ik, fol unbegryp. “Hy wie op fekânsje nei Yndonesië. It wie syn lêste dei en hij soe nei hûs. Doe krige hy in [Lês mear »]

Smoke

Hans Teeuwen rookte in sigaret yn it programma fan Zomergasten. Dat hat in protte argewaasje jûn. De minsken binne it net mear went. En boppe dat moat er ek noch 600 euro boete foar betelle wurde. Hy sels hie der gjin noasje fan wat er die, sei hy. Ùs jonges smoke ek en wolle der [Lês mear »]

Ôftakeling

Myn man moat in eachkorreksje ûndergean. Syn eachlidden sille ynkoarte wurde. Al in pear jier hat hy tige lêst fan ûntstekkings. En sa sitte wy te wachttsjen op de man dy der wat oan dwaan sil. Wylts hy ûnder it mes is sit ik om my hinne te sjen.  In pear minsken bledderje wat ferfeeld [Lês mear »]

Âlderdom

Dèr lizze se beide. Myn man underùt yn syn stoel en Max, de hûn, ek underùt yn de stoel. En ik skarrelje der wat tuskentroch. Ik bin oan it stofsûgerjen en til de fuotten fan de man ien foar ien omheech. Hy feroaret him er net om en giet gewoan troch mei snoarkjen. Ik til [Lês mear »]

>