Ferkiezings

“Ik stim net.” seit myn broer. “Wêrom net?” freegje ik. “Ik wol net by san grutte gemeente hearre. Hja witte net iens wa `t Jan is. In asylsiker kinne hja better dan my, dy hjir hikke en tein is.” “Do silst ek sûnder dyn stim dochs by dy nije gemeente komme.” gean ik der tsjin yn. “En dan noch; [Lês mear »]

It nut

“Do moast mar op naailes.” sei ùs mem do ik in jier as tsjien wie.  De earste wie by Gerritsje, in âlde frijster en hiel strang. By Siementsje dy de grapmakkerij fan my wol weardearje koe. By juffer Mensonides, in âldfaam. Hja wie wat wrâldfrjemd; dy gearwurking wie net in sukses. Mar it lei him altyd [Lês mear »]

Opromje

“Dat mei nèt fuort, hear.” seit er. Hy stiet er op ‘e kop en earen by, dea benauwd as er wat fuort giet dat hy noch brûke kin.   It is wer it selde deuntsje. Wy kinne goed opsjitte mar wy hakketakje noch alles as it oan it opromjen ta is. Nò ek wer; ik ha [Lês mear »]

Grypprip

Hy leit wer op ‘e doarsmatte; de ùtnoeging foar de grypprip.  Om dizze tiid hinne ha wy al jierren de selde diskusje, hy en ik. En altiid freegje ik it selde; “List sto dy ek prippe?”  Ik wit foarùt al wat hy sizze sil; “Nè hear, dèr krij ik krekt de gryp fan.” “Hoe komst [Lês mear »]

Diskusjearje

Wy sitte noflik by elkoar en binne sa as dat somstiden giet oan it diskusjearjen. Oerâl oer, jo kinne it sa gek net betinke as it komt op it plùs. Wy hawwe ùtrinnende mienings. As bruorren en susters ha wy ùs eigen wegen socht yn it libben. Wy binne ferskate rjochtingen ùt wyndere. Sawol op [Lês mear »]

Stofsûgerje

“Ik wol in stofsûger ha sûnder sek.” sis ik tsjin myn man. “Hoe nò?” seit er; “do hast dochs in goeie?” “Ja mar,“ sis ik; “dy sek is altiid fol. En djûr binne dy kringen! Dat skilt in heel stik yn ùs budzjet.” “Do moast ekonomysk tinke, yn dizze tiid.” sis ik. “Ast er sa oer tinkste dan moast [Lês mear »]

Demintens

We hawwe de Wike fan de Deminsje. Tige wichtich dat der wrâldwiid oandacht oan bestege wurd. Wy hawwe dat deunby meimakke. We hiene it earst net troch dat er wat mei ùs mem oan ‘e hân wie. Ûngemurken as in dief yn ‘e nacht slûpte de kwaal yn har libben. It begong mei argewaasje en [Lês mear »]

Karweikes

Wy sille in dei der op ùt. Wy, dat binne in ploechje froulje dy oan it begjin fan it fergaderseizoen in dei op stap geane. “Wit mem wat?“seit de soan; “Dan sil ik dy dei karweikes dwaan.”  Want dy binne faaks by ùs op ien hân net te tellen. En om dat de iene soan [Lês mear »]

Trou

“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan!“ rop ik. En sa sitte wy  tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne. “Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.” “Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje?“ sis ik. “It gong al [Lês mear »]

Rituelen

“Jo moatte  jo tiennen mear bewege.” seit de pedikuere; “Earst de lytse tean en sa nei de grutte tean ta.“ Se jout se my in hiel programma op wat ik mei myn fuotten dwaan moat. Jûns foar it nijs ha ik it drok mei my sels. Hup, de fuotten ien foar ien de loft yn, sa [Lês mear »]

>