Hûs te keap

“Ik ha in hûs op it each. Dat wol ik keapje.” sei ùs heit. “Nò al wer? Wy sitte hjir noch mar krèkt.” sei ùs mem dan. “Nè, mar it is grutter en deugliker.“ En sa ferfarren wy wer. Alles waard op in hânkarre setten. Mar foar dat it sa fier wie moast ùs heit [Lês mear »]

Sollisitearje

 “Der wurd in brêgedraaier frege.” seit ùs mem. Yn ùs doarp wiene en binne noch trije brêgen: twa lytse en ien grutte. Se moatte allegearre draait wurde. “Dat liket my wol wat.” seit se. “Dan moat mem solisitearje.” sis ik. “Wèrom?“sei se. “Nò,” sis ik; “der sille wol mear op ôfkomme.“ It is fergees wenjen [Lês mear »]

Saakkundigens

“Kan ik u helpen, mevrouw?” seit it famke sjin my. Ik stean yn in drogisterij. “Ja,” sis ik; “ik soe graach pleisters ha wolle en dan oan de rolle.” “Wat zegt u, mevrouw?” Ik sis; “Ik soe graach pleisters ha wolle. Oan de rolle.” Ik liz har ùt dat dat handiger is: “Dy kinne jo op maat [Lês mear »]

Jehannes

It is sneintemoarn. Jehannes hat noch net skille. Hy sil wol op de fyts gean. “It is knap waar.” tink ik by my sels. En sa set ik de stap der yn. It is in grutte binde yn it sintrum. Min moat oppasse wer`t jo rinne. It is de Night of the Koemarkt west. De gemeente is [Lês mear »]

Opromje

Ik bin op ‘e souder en siikje om wat. Ik moat it hawwe, dat wit ik seker. Mar wer leit it nò? Dèr leit fan alles. Boadtersguod, Lego, kraanweinen en autotsjes. Elk wykein as wy mei de boat fuort gongen kocht ik foar de iene in autotsje en foar de oare in stripboek. En dan [Lês mear »]

Betanke

Tusken de folders leit in prachtige kaart. Hy falt op troch de bûnte kleuren. Op de kaart stiet in bliere femylje dy mei fekânsje giet. “Hoe kin dat nò?” tink ik by mysels; “Ik kin dy lju net iens.“ Mei grutte giele letters stiet er op “Betanke“. Ik draai de kaart om. Beste mevrouw, kort [Lês mear »]

Ûnwennigens (1)

Ik heb me nog nooit zo gelukkig gevoeld.” seit se. Ik bin by in freondinne op besyk. We kinne mekoar al jierren. Fan ôfkomst is sy in Deenske. Se learde har man kinnen yn Kopenhagen. As seeman kaam hy gauris yn it selde kafè. Sy hie krekt in mislearre houlik achter de rech en wie [Lês mear »]

“It komt wol goed”

It stikje Begripe hat aerdich wat besite en trije reaksjes opsmiten. Wierskynlik binne der mear memmen dy wol ris mei hun jeugd yn debat geane. Mar èk wol ris tinke: “Wat doch ik ferkeard?” as “Hoe moat ik hjir mei oan?“ Ik wol gjin âlderwetske mem wèze en op ‘e hichte bliuwe fan dy dingen wer`t [Lês mear »]

Begripe

“Mem begrypt my net.” De soan is in pear dagen thus. Wy prate dan oeral oer. We moatte de skea ynhelje. Hy wennet om ùtens dus ùs kontakt giet fia e-mail en sms. Sis nò sels: dan kin jo net oer grutte libbensfragen diskusjearje. As wy skilje dan kinne wy hiel goed mei elkoar prate. [Lês mear »]

Allergysk

“Sjoch sto ek wat oan my?” freget myn man. “Nè,” sis ik; “do bist noch krekt sa kreas as eartiids allinne in bytsje âlder.“ “Ik ha it gefoel dat ik yn brân stean.” seit er. “Hast yn de sinne sitten?” freegje ik. “Hoe kin dat nò? It reint al dagen achter elkoar.” merkt hy op. [Lês mear »]

>