Sollisitearje

 Der wurd in brêgedraaier frege.” seit ùs mem. Yn ùs doarp wiene en binne noch trije brêgen: twa lytse en ien grutte. Se moatte allegearre draait wurde. “Dat liket my wol wat.” seit se.

Dan moat mem solisitearje.” sis ik. “Wèrom?“sei se. “Nò,” sis ik; “der sille wol mear op ôfkomme.

It is fergees wenjen mei gebrûk fan telefoan en moanelean.

Sil ik helpe mei in solisitaasjebrief?” bied ik oan. “Wol nè.” seit se; “Ik gean der sels hinne.

Op in strie minne dei, it reinde bolstiennen, stapte se op de fyts nei it gemeentehûs. De boade liet har yn en frege as hy har helpe koe. “Ik moat de boargemaster ha.” sei se. “Ha jo in ôfspraak makke?” frege er. “Nè.” seit se; “Wèrom?” Foar dat de boade it yn e gaten hie kloppe sy op de doar fan de boargemaster. De man sil wol raar opsjoen hawwe. Der stie in trochwiet minske, it wetter rûn har ta de klean ùt.

Kin ik jo helpe?” frege de man. “Ja,” seit se; “ik woe graach brêgedraaier wurde fan de brêgen yn Âldeboarn. Soe dat kinne?” De boargemaster seach it ris oan en sei; “Jo lykje my wol geskikt. Jo kinne teminsten mei wetter omgean.

In wike letter wie ùs mem offisjeus brêgedraaier. It binne foar har geweldiche jierren west. Mei minsken omgean en der ek noch foar betelle  krije. Ik sjoch har noch stean op it ùterste eintsje fan de brêge mei in klompke oan in toutsje. In swimfest oan? Hoe sa, der wie altiid wol ien dy har ùt de Boarn fiskje koe.

Sollisitearje. Gewoan op ôfstappe. Dat is it wurk.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

7 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Sjoerdtsje

Myn pake Jan Akkerman wie eartiids brêgedraaier fan’e grutte brêge op it Doelhof. As bern fûnen wy it altyd prachtich as in skipper op’e hoarn toetere. Wy mochten dan de brêge draaie. Dat joech dan sa’n spesiaal gelûd en dan net te ferjitten it klompke! Prachtich dy oantinkens!

Grutte Pier

Wat een mooi verhaal. Kwartje is dus al eerder gevallen. Als je op het Google Maps plaatje op links klikt mijn ouderlijk huis dus. Maar verbazend wekkender. Ik klik naar rechts, kijk naar de geparkeerde auto’s en jawel. Die van mij. Bij de werkplaats van Ome Durk. Ik was op bezoek dus….

eamel

A small world afterall, Grutte 😉

Grutte Pier

Yep, en de mem van memmemisnke heeft nog op mijn zus gepast… 😉