Frijwilligens

Untitled-1“Ik moat frijwillegerswurk dwaan.” sei myn buorman. 

Hy is altyd selsstannig undernimmer west yn it frachtferfier. Mar troch lichemsbeheindens rekke hy der ùt.

Foar de nuverste putsjes wurd hy no frege. “Ik fiel my minderweardich. seit er mankelyk. In oaren ien betocht sels om wat te dwaan foar mienskip en melde him oan. Mar de oare deis koe der him net mear bewege. Hy hie him fertôge oan it swiere meubilêr yn de Lege Knip.

“Ik moat foarlêze yn in âldereinhûs.” seit in frommiske tsjin my. “En hoe foldocht it?” frege ik. “By de iene moat it in Frysk boek wêze by en de oare de bibel. Ik ha der neat op tsjin hear. seit se.

Ik moete koartlyn in ôfstudearre studint ùt Grins om mar under de minsken te wêzen siet hy no yn it grien. “Mar it is nèt myn ideaal.” seit er; “Frijwilligerswurk is prima fansels. It kin in protte foldienens jaan mar it moat nèt twingerij fan heger hân wurde.

“Kin ik wat foar jo dwaan?” ropt myn buorman. “Ja jonge, kom mar. Ik ha karweikes genoch.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien