De leedsizzer

Untitled-1Fan hearren en sizzen komme wy te witten dat in hiele goeie freon fan ùs ferstoarnt is.

Wêrom ha wy gjin in leedbrief krige?” sis ik tsjin myn man. “Dy komt noch wol.” seit er.

De dagen geane foarby mar gjin leedbrief. Dan seit immen; “Se hawwe de oankundiging op Facebook en Twitter setten.” “Ja mar … ” sis ik ferheard; “net elkenien hat kompjûter. Foaral net fan ùs âldens.”

Nei dat ik socht ha op Facebook print ik him ùt en doch him op ‘e spegel.

Yn tinzen gean ik wêrom hoe oars wie dat do. Wy hiene yn ùs doarp in leedsizzer. Fan fierdens hearden wy him al oan kommen. Hy hie in swartpak oan, slipjas mei koperen knopen en hege hoed. As er dan oan ùs ta wie, deklameare hy yn folle earnst de leedbrief foar.

As it plechtige gedielte foarby wy sei ùs mem; “Hy is ek net âld wurden.” “It wie syn tiid, frou.” sei de leedsizzer en gong wer fierder.

Ik sit foar de spegel en fernuverje my oer de nije tijd.

Jonges.” sis ik; “Ik wol letter net op Facebook, Twitter as op`e spegel plakt wurde, hear! Tink der om.

Tja. Tiden hawwe Tiden 

Diele mei:

3 Comments on “De leedsizzer

  1. De leedsizzer ha ik net kint, wol de tontsjelegers nog, us strjitte yn Ljouwert wie de léste, dy’t closet krige. Mar dat is in oar ferhaal. Myn folle neef is in pear wike lyn ferstoarn en..gjin kaartsje krige hear. In oplettende skoanmem fan in skoansus hie in adfertinsje sjoen yn in streekkrant. Us âlders libje net mear,dy soarchen altiit wol dat wy op’e hichte wiene fan it familje-nijs.
    Ik stjoerde juster in whats app nei de bern om se wat op’e hichte te hâlden. “G….is ek skeiden” Wa is G…, frege myn soan. Dyn folle neef, skreun ik werom. O, hie dy ek bern? Soms is it wol handig, om wat neefkes en nichtsjes op Facebook te hawwen hear. De neven en nichten dy’t op facebook sitte, kinne se wol, ek wol fan foto’s. En ik folgje ek graach de foto’s fan myn lytse (achter)nichtjes en neefkes.

    • Is de wrâld kâlder en unpersoanliker wurden, as kin ik nèt mear meikomme ?

  2. Pingback: De leedsizzer | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien