Wokke
Byldzjend
Byldzjend ferhellet de dochter oer ha mem. Ik bin op de begraffenis fan in frou op jierren, net sa tryst dus. Mar foar de bern is it altyd dreech om ôfskie te nimmen fan immen dy`t jo jo libben lang kinnen hawwe. Wat my rekke wie de taspraak fan de dochter. Hja helle oantinkens op … Read more
Unbegryp
Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte. “Gesellich.” tink ik … Read more
Ynventyf
“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne … Read more
Oppenearje
Ik mei my noch wol es oppenearje en myn miening earne oer sizze. En dat wurd net altyd wurdeare. En omdat ik tink dat elts rjocht fan sprekken hat sis ik it yn dùdlike taal sûnder omwinen. Ik ha leard troch skeade en skande mar dochs myn aard ferleagend him net. It beperket him net … Read more
De heechwurker
Samar op de iere moarn komt in grutte heechwurker de strjitte yn riden. It ferkear wurd mei linten ôfset. In pear manlju rinne der omhinne. “Wat soene dy fan plan wêze?” freegje ik my ôf. Nijskjirrich folgje ik hun bewegings. Stik foar stik wurde de beamen besjoen en betaaste. Dan riid de heechwurker nei de earste … Read more
Mienings
De lûden wurde heftiger. De keamer zit fol minsken nei oanlieding fan in jierdei. Mei de kofje is eltsenien noch reedlik kalm. Rêstich giet it praat oer deistiche dingen sa as it waar en sûnens. As it letter wurd en der komt in drankje op tafel dan wurd it petear fûleindiger. It falt my … Read more