De bûtekant

Untitled-2Dat ding docht it net mear.” sis ik en skop tsjin de kuolkast. Dat wol wol es helpe. Dat ha ik es mei de televyzje dien do it noch net in plat skerm wie.

Moast him mar es goed skjin meitsje.” seit er.

Goed.” sis ik en triuw him in skûlk yn `e han. “Hy sjocht er oars noch goed ùt.” seit er. “Dat is de bûtekant.” sis ik; “Dat is mei minsken ek sa: jo moatte noait op ‘e bûtekant ôf gean. Ik moat sizze ik lit my noch wol es ynpakke en bin gau ûnder yndruk fan immen.

Wat dogge wy nò?” freegje ik. “Hy moat mar nei `t tsjerke.” seit er. “Nè jonge, dat dogge wy net.” sis ik; “Der giet it allinnich om de binnekant.

Ik sjoch wol op Marktplaats.” seit de soan.

Jimme altyd mei Marktplaats.” foeterje ik; “En boppe dat: wy moatte om ùs middenstânners tinke. Dy kinne hjoeddedei amper de holle boppe wetter hâlde.

It lêste wurd hjir oer is noch net sein.

It is krêkt as mei de polityk; wer giet it yn de kearn om de binne- as de bûtekant.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien