Ùtpûste
“Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.“ En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò … Read more
Polityk engazjeare
“Wat ferliest dy Party fan de Arbeid, nèt?” “Dat giet allegearre nei de S.P.” ropt ien. “Nò,” sis ik; “dy Roemer, dat fyn ik in sympatyke fint. Hy hat san iepen gesicht en in soart humor. Hja falle allegearre oer my hinne.” “Der giet it nèt om. Wat is de ynhâld fan syn programma?” En … Read more
Besikersoere
“Ik bin hjoed oerbeppe wurden!” ropt in âld minske; “Binne jo ek al beppe?” Op myn nè noch net, giet se troch. Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch … Read more
De telefoniste
“Atsje, jo krye moarn in iter, hear.“, sei de telefoniste tsjin ùs mem. Yn dy tyd hiene wy yn ùs doarp in postkantoarke mei in telefoniste dy alles wist fan de ynwenners. Sy siet dan yn it kantoar foar in grut boerd mei allegearre gatsjes en razend fluch stuts sy de de stekker yn al … Read more
Yn ‘e sûs
Wy steane by syn bed. Myn man hat in nije knibbel krigen. Noch yn ‘e sûs fan de narkose hat hy de eagen ticht. “Hoe is it mei dy?” In oerstalliche fraach mar wat moat min oars sizze? “It wie dreech…“, sei de suster; “De narkose wie net tarikkend genoch.” Ik sis noch; “In poat fan … Read more
Lego
In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne. Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn ‘e … Read more
De Paraglider II
Mei in ôfgriiselike grutte rêchsek stiet hy midden yn de keamer. Ùs paraglider sil (wer) nei Afrika. Hy is in fanatyk fleaner. Al wiken fan tarieding binne foarby gong. In heal jier allyn hat er fleantickets bestelle. “Dat skeelt my hûnderden euro`s…“, seit er. Fan alles waard troch de besteltsjinst by ùs thus besoarge. Ûnwiis … Read more