Net te tichtby komme, hear!

Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen. Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter. Soms, as it my oer de hege skuon giet, [Lês mear »]

Yn de bocht fan de Boarn

It is sneintemoarn. Wat sil ik dwaan? Ik stean yn dubio. It is prachtich waar, it ûnthjit in moaie dei te wurden. Ik mis de preek fan Omrop Fryslân út de prachtige âlde tsjerke fan Frentsjert. Lit my mar rinne betink ik my, en gean underweis nei in bocht fan ‘e Boarn. Ik gean op de bank [Lês mear »]

Mei de tiid mei gean

Foto troch Mateusz Dach fan Pexels

San dikke tsjien jier ferlyn kaam de soan thùs mei in kado. ‘Foar mem,’ sei er en sette in grutte doaze midden op tafel.

‘Wer is dat foar?’ sei ik, ‘ik bin net iens jierdei.’

‘Pak mar ùt.’  sei er.

Nei dat de tafel beseit wie mei wiete boltsjes skûm komt er in grut skerm tefoarskyn. 

‘Wat no?’  frege ik ferbjustere, ‘Wat moat ik dermei?’

‘Hiest tefolle jild yn ‘e bûse ?’ sei syn heit noch.

‘Mem moat oan ‘e kompjûter. It is no tiid en net ùtstelle want dan is it te let.’

Djip under yndruk en en oertsjûge fan myn eigen unkunde waard de kompjûter oansletten.

Derop folge tiden fan machteleazens en lilkens. ‘Werom snap ik dat no net?’ fersuchte ik dan en woe him yn de grize container smite.

As ik stadich oan it in kromke troch krige hoe as it wurke, dan wie der wol wat oars wat it net die.

‘En no Telebankierje.’ sei de soan op in dei, 

‘Ach né, wol?’ sei ik deabenauwd, ‘Dat komt op de kop ferkeard.’

‘Nuchter neitinke, goed lèze en gewoan dwaan wat it apparaat seit.’  sei de soan wer. Ek dat krige ik under de knibbel.

En no, safolle jier letter, tank sy in trochsetterige soan, kin ik er net mear sûnder. Wa kin dat sizze op myn âldens ? 

‘Mei de tiid mei gean, Mem, jo binne nea te let om te learen. 

Tankje wol soan …

Read more

Oardel oere

Foto troch Jose Antonio Gallego Vázquez fan Unsplash

Fan ôf hjoed de fyftjende juny meie wy wer mear as ien op besite hawwe, Dat hat hegerhân sa beskikt, de besite moat oan hiel wat foarwaarden foldwaan.

‘Jo moatte studearre hawwe om it te snappen,’ sei it wyfke. It nije permenintsje skoddet heftich hin en wer.

In oarenien seit; ‘Twa meie der op besite komme. Ik soe net witte wa, ik ha net ien mear.’

Wer in oar: ‘Ik ha de soan en dochter ùtnoege mar se hawwe mekoar yn gjin jierren sjoen, hoe dat komme sil?’ 

En sa bringe de nije rigels hiel wat unrêst yn it hûs. Hja binne der in bytsje mei oan, tink ik. Oan de oare kant, wy hawwe net ien coronapasjint hân tank sy de strenge rigels fan it bestjoer.

It hat de ynwenners mear dien dan de bûtenwrâld mar yn ‘e fierste fierte fermoede kint ha.It wie ommers in unsichtbere fijân, en dan samar opslùten te wurden… dat begrypt net ien.

Mar no mei er besite komme. ‘Wer moat ik it oardel oere oer hawwe?’ freegje se mekoar. 

Want nei safolle wike fan ofsûndering en ynsluting moat min wer leare om mei famylje om te gean. En sa komme de bewenners mei hun fragen en unwissichheden by elkoar, se sitte ommers yn it selde skouke.

‘Nije wike meie der fjouwer op besite komme,’ seit in bewenner, ‘Meitsje jimme mar klear!’ 

Read more

Steryl

De safolste brief falt yn de brievebus.  De direksje libbet tige mei. Soene se ek in mem as in heit, pake as beppe, yn in âlderein hawwe? It klinkt hiel meilibjend mar ha se wol underfining? De rigels sille wol folgens it RIVM strikt opfolge wurde. Mar soene dy lju fan it RIVM ek famylje yn in [Lês mear »]

Tweintich minuten

Sille wy moarnier efkes ofprate? Ik ha in keamerke besteld.’  seit er. 

Sunt in pear wike hat it âldereinhûs keamerkes makke, ôfskieden fan nijsgjirrigge lju.

Ik moat sizze, yn de earste ynstânsje like it my op fleanen. Pleksyglês mankeare de wanden. In telefoan stiet rè sadat min mei de famylje bûten kommunisearje kin. En dan mei min tweintich minuten prate.

Wat ûnwennich mei de situaasje skarrelje ik de romte yn, in desynfiktearjend fleske mei in doekje stiet klear. Moat min no earst desynfiktearje? As moat min it no op it ein dwaan? Ik doch it mar allebeide dan wurdt in oar net besmet .

De soan hat syn plak al ynnaam, ik gean tsjinoer him sitten.

En wert wy oars net oer stinne moatte wy no tweintich minuten tsjin elkoar prate. Earst mar oer it waar, en dan oer syn wurk, betink ik my. Tuskentroch freget er; ‘Hoe foldocht it, mem?’ 

‘Best,’ sis ik, ‘it iten en drinken mankearret neat oan, se dogge hja best.’

Mar er is ien ding dat untbrekt; frijheid!

De tweintich minuten binne om, de folgende besiker stiet alwer klear. We lizze beide in hân op it pleksyglês en sjogge mekoar oan…

Tweintich minuten…

Read more

Beppedei!

Ta myn grutte blidens binne fane moarn élf einepyken ùt de koer rûgele.  Memein gong foarop al roppend dat se avesearje moasten. Want Bouke, de reade kater fan de buert, hie krekt efkes skoft. No wie it feilich.  Yn flot tempo sette memein de stap er yn, it jonge spul koe har amper byhâlde. In [Lês mear »]

Yn blide ferwachtingen

Wannear sil it heve?’ roppe de lju om my hinne. It hiele âldereinhûs komt yn ‘e ban fan de komst fan de nije wrâldboargers. Ik kin my net earne fertoane as hja hâlde my oan en freegje, ‘Is er al wat?’ Bewenners as personiel komme yn ‘e hûs en wolle it plak sjen wert it [Lês mear »]

Toskdiskriminaasje

Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer. Ik gean nei immen ta fan it âldereinhûs, dy my miskyn fierder helpe kin. In skofke letter komt se werom en [Lês mear »]

Beuzichheidsterapy

Alwer in draaioargel,’ seit myn buorfrou. Ik swaai nei de beide manlu dy it grutte tsjil yn beweging sette. ‘Dat dogge se foar ùs,’ sis ik.  ‘Jou my mar countrymuzyk, jazz as gospel, dan komt min noch wat mear yn beweging,’ seit se. Sjongers mei en sûnder gitaar gean oan ùs eagen foarby. Sûnt in [Lês mear »]

>