Beppedei!

Ta myn grutte blidens binne fane moarn élf einepyken ùt de koer rûgele. 

Memein gong foarop al roppend dat se avesearje moasten. Want Bouke, de reade kater fan de buert, hie krekt efkes skoft. No wie it feilich. 

Yn flot tempo sette memein de stap er yn, it jonge spul koe har amper byhâlde.

In prachtige Siameeske kat folge hja op 'e foet. Lokkich kaam er in frou lâns dy har hûntsje ùtliet.

'Wolle jo der efteroan rinne?' frege ik, 'Oant se feilich yn it wetter binne?'

Dat woe hja graach dwaan. Efkes letter komt se fertellen dat alle elf plus mem yn it wetter kaam binne. 

Wat bin ik bliid. Myn beppesizzers binne goed te plak kaam. Dat wol dochs eltse oarremem!

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Jan K. alias Afanja

Machtich moai!
Fan herte lokwinske.

Elly

Lokwinske frou De Zee mei de komst fan lytse pykjes
Wat ha jo t wer moai ûnder wûrden brocht.
Doe ik 't foar lesde oan Bas, en ûs oûdste dochter,hie ik de treannen ien de eagen .Sa moai. Danke wol dat we mei genietsje meie ,mei jo ferhalen. Groetenis Elly galama

Elly galama

Ming dij yn de diskusje ...

Elske

As twa druppels wetter 😉

Altiid wêr in moai gesicht, memme ein foarop mei har rychje pykjes der achteroan yn it wetter.

5
0
Would love your thoughts, please comment.x