Wy rêde ùs best

Hoe giet it mei jimme?” freget de buorfrou by it tôgjen fân de smoargens nei de dyk. “Goed hear.” sis ik; “Wy rêde ùs best.” “Hoe giet it mei jo man?” freget se rinnende wei. “Best, hear.” sis ik en sis mar net hoe it echt giet; it is in formalteit. Se is hastich en yn gedachten [Lês mear »]

Heite- & Memmedei

Komst efkes om in bakje?” freegje ik oan myn freondinne. “Nè,” seit se; “myn soan hat Heitedei.” “Mar dan is hy dochs thùs?” freegje ik. “Dat is`t him no. Dan wol hy dat ik him assitearje by de bern.” “Wannear hast dan wol tiid?” “Nò eiglik nea. Ûs dagen binne beset. Myn skoandochter is lùzemem wurden en [Lês mear »]

Lit him no mar "It komt wol goed my dy jonge."

Lit him no mar.” seit syn heit. De soan sil wer fleane en wol yn Colombia.

Hy is in entûsjast Paraglider. Oeral op de wrâld hat hy flein.

Yn it deistich libben is hy skipper en fertsjinnet syn brea op it wetter. Mar syn grutte hobby, dat is fleanen. Sa gau as hy kin is hy fuort. De reizen binne al fier foarút boeke.

Hy  sil no nei in lân wat in prachtige natuer hat. In lân mei bergen en in freonlike befolking.

“Hoe fynt mem dit?” freget er. Hy stiet foar my en lit grutsk syn flean tenu sjen. In grutte helm wurdt opset mei in hiel aparte bril. Mar ek in stuoltsje mei in soarte touwen, gaspen en riemen. 

“Der is in hiele grutte brêge ynstoart yn dat lân, koartlyn.” sis ik; “Der wiene hiel wat deaden en ferwûningen.”

“Der is ek noch al wat korrupsje yn it lân. En drugsoarloggen.” gean ik fierder.

“D’r is oeral wol wat op de wrâld, mem.”

Werom giet er no net nei de hunebêden fan Drinte as de ôffalbulten fan Omrin?

“Lit him no mar.” seit syn heit. “It komt wol goed my dy jonge.”


Read more

Gryp Op Jo Sûnens!

Tink er om datsto net ferslave rekkest.” seit myn freondinne. 

We sitte sa wy went binne mei jierdeis: yn in kring. Eartiids sieten manlju by manlju en froulju by froulju.

Ik siet as bern altyd by de manlju. Dy hiene folle ynteressanter praat, fûn ik. Ut en troch waard ik fuortstjoerd, dan hiene hja it oer ûnderwurpen wat ik net hearre mocht.

De manlju dronken jonge jenever mei in skepke sûker as in bearenburchje en de froulju ‘Avondmaalwyn’, as in advokaatsje mei slachrjemme.

Neffens de tiid foardere waard it drokker en lûdroftiger.

En dan fûn ik it spannend wurden want de ferhalen kamen los. Mar spitich genôch moast ik dan de hûn altiten út litte. 

As wy as bern de gryp krigen, dan makke ús heit in hjitte grok foar ús. Der kaam konjak en sitroen yn, mei brune sûker en kokjend wetter. Mei soarch waard dat klearmakke.

“Moarn bist wer better.” sei er dan, en streak oer myn koartsige holle. De oare deis wie ik better. Kaam dat no troch de groch? As de aai oer myn holle?

“Mei drank moat min oppasse.” seit se en leppelt oan har advokaatsje mei slachrjemme. “Do hast gelyk.” sis ik en nim noch in grok. Want foardatst it witst, hast de gryp te pakken..

Read more

Bliuw dy sels

Mem moat es oer oare ûnderwurpen skriuwe,” seit er; “dy hjoed-de-dei wichtich binne.” “En dat is?” freegje ik benijd. “Nò, ha it es oer seks, metoo as persoanen dy in oar geslacht hawwe. Ensafuorthinne. Dat wolle de lju lêze. It moat interresant wêze. Der moat spanning yn sitte. Dan kriget mem fêst in bulte lêzers.” seit [Lês mear »]

Myn gelikense

Einliks sjoch ik yn dat ik fan elkenien de gelikense bin. Eartiids do ik jong wie en yn in doarp wenne wie dat oars. Der wie grut ferskaat yn alle lagen fan de befolking. Nim no it kristelik en it iepenbier ûnderwiis. It maatskiplik en sosjaal libben oerâl wie in skifting. Bern fan arbeiders as bern fan [Lês mear »]

Ferwachtings

It is it jier 1941 en oarlochstiid. Myn ferwachtings binne heech want Sinteklaas komt er oan.

“Moast er neat fan ferwachtsje.” sei ùs mem.
Dit jier sille er gjin kado`s wêze. Er is ommers neat mear te krijen, de winkels binne leech. Hol en leech sjogge de etalaazje glêzen my oan.

Mar dochs; jo witte mar noait en sa sûnder er oer te praten dream ik oer in moaie poppewein. Want dat woe ik sa ofgryslik graach!

Jûns sitte wy gesellich om de read gloeiende potkachel. Gleone poeiermolke en taaiguod makket in soart goed.

Ynienen giet de doar iepen …

Der wurdt in grut pak om de doar setten, ferpakt yn kranten sûnder strik. “Foar dy.” seit ùs mem.

Senuweftich skuor ik de kranten der ôf en ta myn grutte ferwûndering komt er in hiele grutte poppe ùt.

Se mist twa eagen mar in osa leaf gesichtsje. Se hat ek in prachtich bosk hier, it sil dagen duorje foar dat it ùt de tiis is.

Tank sy Van der Berg, de timmerman, en Diet en Durkje  Rodenburg  krige ik de poppe fan myn dreamen.

Se stiet noch altyd te pronk, sûnder eagen, mar dêrom is se my troch de jierren hinne tige dierber wurden …

Read more

Loslitte

“Hy wol net. Hy wol néat.” seit se opstannich. Myn beste freondinne komt efkes lâns. Hja is oars as oars bespeur ik wol. Earst mar kofje sette, dan komt se wol los. En dan komt it hege wurd der ùt. Der is harren in oanleunwenning tasein. In pear jier allyn ha sy har op in [Lês mear »]

>