Myn gelikense

Photo: Tom Hussey

Einliks sjoch ik yn dat ik fan elkenien de gelikense bin. Eartiids do ik jong wie en yn in doarp wenne wie dat oars. Der wie grut ferskaat yn alle lagen fan de befolking.

Nim no it kristelik en it iepenbier ûnderwiis. It maatskiplik en sosjaal libben oerâl wie in skifting. Bern fan arbeiders as bern fan de dûmje, dokter en sufeldirekteur. It makke in hiel grut ferskaat yn in myn jeugd.

Guon bern hiene folle mear kânsen fûn ik. Myn bruorren moasten nei de ambachtskoalle, myn suster en ik nei de hùshâldskoalle. Dat wie foar de measte arbeidersbern al fêstlein.

Der waakse do by my in gefoel fan unearlikens, dat wy dy kansen net krigen. En der ha ik my altyd tsjin fersetten.

Ik allinnich wist dat ik mear yn myn mars hie. En dat soe ik op in dei elkenien merkbite litte, betocht ik my.

Jierren letter ha ik de Hegere Skoalle Fan It Libben trochrûn. Faaks mei onfoldwaande sifers mar ek mei sifers  wert ik grutsk op wêze koe.

Ik ha myn gelikense fûn, net ien is mear as de oare! 

It giet er om wast bist, net mear en net minder.

Diele mei:

4 Comments on “Myn gelikense

  1. Dit ferhaal wol ik graach ûnderskriuwe, allinnich soe ik dêr oan taheakje wolle, dat eltsenien fuortdaliks net alles berikke kin. As it d’r yn sit, dan komt it d’r ek wol út. Wer binne jo lokkicher mei, mear mear mear, of mar gewoan dwaan? Hâld beide fuotten mar op ‘e grûn. Ik ken ek minsken, dy eamelje oer miste kânsen yn it ferline en no harren grutter foar dwaan wolle, dan dat sy yn wêzen binne. It binne deselde minsken dy neat goed fine.

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Myn gelikense | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien