Griene Fair

Yn de moaie parktûn fan “Residentie Oranjewâldflat” stean san fiif- en tweintich kreamkes yn ‘e rûnte opsteld. En tusken dy standhâlders stean wy mei in kream fan eigenmakke sieraden. It doel fan de “fair “; it moat in grien karakter hawwe. Dat hâld yn, eigen makke produksjes en miljeu-freonlik. Fan alles kin jo der fine, [Lês mear »]

Pinkoade

Ik stean yn de file foar de kassa fan in supermerk. It is drok en ek noch iere betiid op ‘e moarn. Memmen mei seurderiche bern en âlde minsken mei in rollater, se steane allegearre yn de rige. Einliks bin ik oan bar en begjin entûsiast de boadskippen op de bân te setten. Ik skou [Lês mear »]

Kieze as diele

Wy moatte kieze as diele, wat is dat somtiden dreech. In streamfoarsjenner freget ùs as wy ùs bine wolle foar trye jier. “Jimme betelje tefolle foar jimme providers…“, seit ùs soan. “Jimme kinne it  better by ien leveransier hâlde.“, seit in oare  soan. It is foar ùs in puzzel. Wat is it foardielichst foar ùs? [Lês mear »]

Yn it ferline

Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him [Lês mear »]

High Tea

Der sitte wy dan mei in ploechje froulje op it terras oan de Vegelingswei, efkes bûten de Jouwer. Wy binne yn in krûden- en plantentùn en sille oan ‘e  ‘High Tea‘. Dat wol sizze; tee priuwe fan ferskate soarten planten, blommen en krûden. Sa as sitroenmelisse, krûzemint en lavendel. We krye taartsjes makke fan ierdbeien [Lês mear »]

Sparje Yn de telefoanwinkel

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net kieze. De iene nei de oare klant komt mei fragen dêr’t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet. Ik wit wól, dat leit oan my. As ik sa de minsken praten hear, dan betink ik mysels yn it [Lês mear »]

Hagepreek

Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde [Lês mear »]

Bouwe op in dream

Der sitte wy dan op sneintemoarn mei san tachtich man yn it Meniste skûltsjerkje fan Tsjalberd. Yn it ramt fan de festiviteiten rûn it jubileumjier fan de Menisten is der in tsjinst mei grut koar ùt Zwolle. It thema fan de tsjinst is “Bouwe op in dream.” Foargonger Henk Klein Nagelvoort leit ùs ùt dat [Lês mear »]

‘Allemaal politiek’

Op de ynpaktafel fan in supermarkt sit in man mei syn fuotten te skommeljen nei my te sjen. Hy sjocht nei wat ik oan it ynladen bin yn myn boadskipkarke. Skynber wachtet hy op syn frou en sjocht wat ferfeelsum om him hinne. Dan sjocht hy dat ik in pear komkommers ynlaad. “Durft u het [Lês mear »]

Kanker

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag. De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar [Lês mear »]

>