Op stap

Pinkoade

troch Posted on 2 Comments 1 min read 512 views

Ik stean yn de file foar de kassa fan in supermerk. It is drok en ek noch iere betiid op 'e moarn. Memmen mei seurderiche bern en âlde minsken mei in rollater, se steane allegearre yn de rige.

Einliks bin ik oan bar en begjin entûsiast de boadskippen op de bân te setten. Ik skou myn kaartsje troch it pinapperaat mar it ding seit "foute koade". Dan mar foar de twadde kear: it ding seit wer it selde. Ik wurd senuweftich en druk it kaartsje noch mar ris troch it apparaat. Wylts it famke my warskôget om it net foar trèdde kear te dwaan gean ik troch. De minsken krije mei my te dwaan. De iene tinkt: "Se sil wol read stean." en in oare ien fynt fèst: "It is in âld minske. Se wit it nûmer net mear." Ik lit de boadskippen mar stean en sis tsjin it famke: "Ik sil jild ophelje..." en lit alles yn panyk efter .

Ik gean nei myn bank en sis; "Ik moat in dea -ienfâldich nûmer ha want sa kin it net." Ik freegje it bankfrommeske: "Bin ik de ienichste mei dizze swierrichheid?"

"Nè hear, jong en âld. It oerkomt eltsenien wol ris in kear. Lokkich mar..."

Kieze as diele

troch Posted on 0 Comments 1 min read 488 views

Wy moatte kieze as diele, wat is dat somtiden dreech.

In streamfoarsjenner freget ùs as wy ùs bine wolle foar trye jier. "Jimme betelje tefolle foar jimme providers...", seit ùs soan. "Jimme kinne it  better by ien leveransier hâlde.", seit in oare  soan. It is foar ùs in puzzel. Wat is it foardielichst foar ùs? Net ien kin it ùs fertelle. Myn buorman -de frachtrider- seit: "Der komt noch mear gedonder yn it middenoasten" ,hy kin it witte hy riid op it bûtlân; "alles wurd djoerder. Rekkenje dèr mar op." In oar seit wer: "As it goedkeaper wurd betelje jimme gâns wat tefolle." Wat is wiisheid?

Sa giet it yn hiel ùs libben. Wy moatte kar meitsje en it giet nèt allinne mar oer jild mar ek oer saken as gelok. Ik sil earlik wèze; ik bin net altiid geduldich en lusterje net altiid nei goeie ried. Wat kin ik dan kwea wèze op mysels: "Grutte suffert!" siz ik dan,  "Tel earst es oant tsjien ta!" Troch skea en skânde ha ik leare moatten om by grutte beslûten nei myn hert te lûsterjen en net nei it ferstân.

Mar kin it hert wol sûnder de wiisheid fan it ferstân? En it ferstân wol sûnder it gefoel fan it hert?

Yn it ferline

troch Posted on 2 Comments 1 min read 508 views

Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him neat mar hy wol de skiednis achter it minske witte. En dan komme de ferhalen.

We rinne lâns âlde grêfstiennen fan minsken fan lang ferlyn mar ek lâns nije grêven "Mem," freget myn soan; "wat wie dat nò foar minske?" We rinne lâns de rike skiednis fan myn doarp.  Bekinde minsken dy as in film oan myn  eagen foarby geane. By eltse man as frou kin ik wol wat fertelle. We rinne lâns stiennen mei oandwaanlike teksten. Jong en âld, elts hat syn fertriet mar hja tsjûge ek  fan in protte leafde en leauwen. Wat hat ùs doarp dochs in ryk ferline, mei dichters skriuwers  sawol muzikale sjenien.

Wyls wy der sa omrinne komt der in gefoel fan tankberens oer my, dat ik diel ùtmeistje mocht fan dizze mienskip, myn doarp.

"Sille wy mar nei hûs, mem? It wurd hjoed wer patat..."

High Tea

troch Posted on 0 Comments 1 min read 470 views

Der sitte wy dan mei in ploechje froulje op it terras oan de Vegelingswei, efkes bûten de Jouwer. Wy binne yn in krûden- en plantentùn en sille oan 'e  'High Tea'. Dat wol sizze; tee priuwe fan ferskate soarten planten, blommen en krûden. Sa as sitroenmelisse, krûzemint en lavendel. We krye taartsjes makke fan ierdbeien en rabarber.

We hawwe ùtsicht oer in prachtige tùn mei in dobbe fan san 5oo m2. En om dy dobbe waakse de moaiste wetterplanten. We krye utlis oer wat de minsken eartiids mei krûden dienen as hja goarrich wiene. As min wat oerspant wie dronk min tee fan melissse. Sa hie min krûd foar elts skeel as krupsje. Ûnder it tee drinken en it priuwkjen fan alles wat de gastfrou bakt hie kamen de ferhalen fan eartiids. Doe ùs memmen noch gjin weet hiene fan Bio- en  Krûdewinkels. It wie in slagge middei, we binne hiel wat wizer wurden oer de gewassen fan eartiids mar ek hoe wy dy  hjoed de dei noch brûke kinne.

Wy sjogge werom op in slagge 'High Tea' en elts giet nei hûs mei in krûd wer gjin kwaal tsjin opwoeksen is.

Mar hokker kwaal en hat it ek holpen, dat sille wy wol nea te witten komme...

Sparje

troch Posted on 1 Comment 1 min read 535 views

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net ùt de rie komme. De iene klant nei de oare komt mei fragen  der `t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet.

Ik wit wol; dat is in mankemint fan my. As ik sa de minsken praten hear, dan waan ik mysels yn it bûtelân. Mobile foans, iPod's en iPhone's;  ik wit net wat der mear oer de toanbank giet. Ik stean der mar en fiel my analfabeet. "Wer prate dy lju oer?", myn soan stiet der by en sjocht  my wat meilydsem oan.

Der stiet in mem mei in dochter al in oere te orearjen. Se ferteld entûsiast dat har dochter slagge is. En nò mei se in iPhone  ùtsykje. Grutsk seit it famke; "Ik ha der ek  wol in jier foar sparre hear!" Wy binne der om in seniorentelefoan mei grutte nûmers en in lûde skille. Ik fiel my âld, ik moat net te folle yn sok soart winkels komme.

We slagje mei in apparaat en neffens de ferkeaper kin min ùs oan 'e oare kant fan de wrâld wol hearre.

Hoe soe it mei it famke fjirder gean? Ik hoopje foar har dat sy yn har libben ek slagje mei...

Hagepreek

troch Posted on 1 Comment 2 min read 1212 views

Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde wy dy tradysje yn eare. It is in bysûnder plak, it stik lân grinzet oan de Tsjonger. En fan dèr ùt giet it tsjerkepaed nei de Kapel fan Haskediken. Wat ha wy dochs as Friezen in rike skiednis.

En yn dat listwurk fan fûgels, wyn en stilte sjonge wy oan`t ein it favoryte nûmer fan de Menisten:

Ik fiel Jo wyn hjoed waaien, God.
En heech set ik it seil.
Tehaavene is`t, mei skom bespat,
Mar`k hoopje op Jo heil.
Te roere stiet Jo eigen Soan,
Hy stjoert nei feilge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
Oer wylde hege see.
----------------------------------------
De trienen dy `t ik skrieme moast,
Binn`droege fan Gods wyn.
Ik wit net mear, hoe`k stûmje doarst
Oer muoiten, lang ferlyn.
Hjoed haw ik nye libbensmoed
En fèst is myn beslùt"
Ik fiel Gods winen waaien hjoed
En syl de haven ùt.
---------------------------------------------
O, lit my nea ferjitte, Hear,
Hoe`t my Jo leafde laat.
Lit foar my stean, hoe dearlik sear
Jo holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
By`t oangean fan è reis,
No`t ik Gods winen waaien fiel,
Lied Jo my ûnderweis.

Bouwe op in dream

troch Posted on 0 Comments 1 min read 478 views

Der sitte wy dan op sneintemoarn mei san tachtich man yn it Meniste skûltsjerkje fan Tsjalberd. Yn it ramt fan de festiviteiten rûn it jubileumjier fan de Menisten is der in tsjinst mei grut koar ùt Zwolle. It thema fan de tsjinst is "Bouwe op in dream."

Foargonger Henk Klein Nagelvoort leit ùs ùt dat it net by in dream bluiwe moat, mar dat it leauwen wèze moat yn de takomst.  En net fan moandeitemoarn oan`t sneintejûn mar dat wy ljochtdragers en smaakmakkers wèze moatte. It binne wurden dy`t jo oan trùnje om te libjen sa as it fan ùs frege wurd.

Moaie wurden en ik bin beslist fan plan om se yn dieden om te setten. Mar ik bin mar in minske. Ik kin myn "lek en brek" mar al te goed...

'Allemaal politiek'

troch Posted on 0 Comments 1 min read 508 views

Op de ynpaktafel fan in supermarkt sit in man mei syn fuotten te skommeljen nei my te sjen. Hy sjocht nei wat ik oan it ynladen bin yn myn boadskipkarke. Skynber wachtet hy op syn frou en sjocht wat ferfeelsum om him hinne.

Dan sjocht hy dat ik in pear komkommers ynlaad. "Durft u het aan, mevrouw?" freget er. "Bent u niet bang dat u uzelf en uw gezin vergiftigd?" "", siz ik; "... ik bin sljocht op komkommer. "Mevrouw, u heeft groot gelijk. Het is allemaal smerige politiek. Rusland heeft iets gevonden tegen de EU landen. Laten ze  maar naar zich zelf kijken , zij zitten met hun eigen Tsjernobyl in de maag. Allemaal politiek, mevrouw. U moet maar zo denken; de zieken en de  dooien vallen om Hamburg heen. Het heeft met heel iets anders te maken. Achter de schermen, mevrouw, dààr gebeurt het..."

Wat ha wy lekker iten fan myn komkommersalade. Mei wat sâld piper en in sipeltsje. Hearlik.

Kanker

troch Posted on 1 Comment 1 min read 603 views

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.

De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja - ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn 'e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.

'Kanker..' seit er; 'in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf...'

Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.

 

Strikken

troch Posted on 3 Comments 1 min read 611 views

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn 'e holle.

Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken komme. Hja wiene noch mar krekt yn skoalle as se moasten al op 'e gong komme. By it Haad fan de skoalle stie in fremde man yn swarte klean. Hy moast fan de swarte man de oranje strikken ùt it hier helje. Mar it Haad sei: "Nè, dat doch ik net. Ik mei net oan myn bern komme."

Hy stjûrde ùs nei hûs en wy moasten dalik werom komme sûnder strikken. Mar ùs mem sei: "Der komme hoe dan ek strikken yn want Keninginne Wilhelmina is hjoed jierdei." Dû kamen der grutte swarte strikken yn; in teken fan rou. We wiene noch mar krekt wer op skoalle as we moasten wer nei hûs. Ùs mem stie ùs al op te wachtsjen mei noch gruttere strikken nò wiene se wyt. Se sei: "Wyt is de kleur fan de oerjefte mar ek fan befrijing."

Wat wy dèr fan tochten? Myn suster fûn it in soad geskyt mar ik fûn it tige spannend dat ùs mem dat oandoarde. Dat wie wat... In died fan ferset fan in ienling der`t in hiele protte fan wienen yn Fryslân.

De skriuwster dizzes oan de linkerkant mei een grutte strik yn it hier.