Ferdivedaasje

Nei in hertlike hândruk fan myn toskedokter gean ik achteroer lizzen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat syn konklúzje is oer de stân fan myn gebit. Ik bin in bytsje senuweftich, nèt  iens sa oer myn gebit mar mear noch om wat it kostje moat. As ik efkes myn mûle spielle moat freegje ik hoe [Lês mear »]

Skuorsek

Ha jimme dat ek wol es? In misse dei in dei dat min yn de skuorsek sit. Dat oerkaam my juster: alles rûn tsjin. Gjin waar foar de tùn, ik soe fan alles dwaan mar yn dy blabze kin men neat. In hûn dy `t op stjerren nei dea is. Stoofparkes oanbrânne litten en de stofsûger [Lês mear »]

Mei oare eagen

Ik sit by de optisien foar in grutte spegel my sels te besjen. Nò, dèr wurd jo fansels net flearich fan dus dat doch dan ek nèt. Mar somtiden kin min der net underùt; ik moat in oare bril ha. Ik seach de lytse letterkes net goed mear. En dan kin min raar it skip [Lês mear »]

Moai Gaasterlân

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s. It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar [Lês mear »]

Skoalreiske

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der [Lês mear »]

Nifelder

“Past it dat ik efkes om in bakje kofje kom?“, freechje ik myn soan.  In jier al wat allyn hawwe hy en syn broer elk in flatsje kocht yn it selde kompleks. De wenten wiene tige fertutearze en waarden spotgoedkeap ferkocht. Tsjin de âldste soan seine wy: “Soe sto dat wol dwaan?” , wittende dat hy [Lês mear »]

Rommelmerk

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke. It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane [Lês mear »]

Hûs te keap

“Wat staan hier een huizen te koop…“, seit it jonge frommeske. Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: “Mijn huis staat al twee jaar te koop.” Hja fertelde dat [Lês mear »]

Krysant

Ik stean yn in supermerke foar de toanbank en sis tsjin it famke; “Ik wol graach wat ôfrekkenje.” Hja sjocht my fremd oan want ik ha neat yn myn hannen. “Wat woene jo betelje?“,freget hja. “Ik ha juster in pot Krysanten mei naam en net ôfrekkenne..“, sis ik. Ik fiel my oplitten. De minsken efter [Lês mear »]

Tsjerkepaad

Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske [Lês mear »]

>