Op stap

'Allemaal politiek'

troch Posted on 0 Comments 1 min read 674 views

Op de ynpaktafel fan in supermarkt sit in man mei syn fuotten te skommeljen nei my te sjen. Hy sjocht nei wat ik oan it ynladen bin yn myn boadskipkarke. Skynber wachtet hy op syn frou en sjocht wat ferfeelsum om him hinne.

Dan sjocht hy dat ik in pear komkommers ynlaad. "Durft u het aan, mevrouw?" freget er. "Bent u niet bang dat u uzelf en uw gezin vergiftigd?" "", siz ik; "... ik bin sljocht op komkommer. "Mevrouw, u heeft groot gelijk. Het is allemaal smerige politiek. Rusland heeft iets gevonden tegen de EU landen. Laten ze  maar naar zich zelf kijken , zij zitten met hun eigen Tsjernobyl in de maag. Allemaal politiek, mevrouw. U moet maar zo denken; de zieken en de  dooien vallen om Hamburg heen. Het heeft met heel iets anders te maken. Achter de schermen, mevrouw, dààr gebeurt het..."

Wat ha wy lekker iten fan myn komkommersalade. Mei wat sâld piper en in sipeltsje. Hearlik.

Kanker

troch Posted on 1 Comment 1 min read 800 views

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.

De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja - ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn 'e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.

'Kanker..' seit er; 'in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf...'

Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.

 

Strikken

troch Posted on 3 Comments 1 min read 949 views

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn 'e holle.

Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken komme. Hja wiene noch mar krekt yn skoalle as se moasten al op 'e gong komme. By it Haad fan de skoalle stie in fremde man yn swarte klean. Hy moast fan de swarte man de oranje strikken ùt it hier helje. Mar it Haad sei: "Nè, dat doch ik net. Ik mei net oan myn bern komme."

Hy stjûrde ùs nei hûs en wy moasten dalik werom komme sûnder strikken. Mar ùs mem sei: "Der komme hoe dan ek strikken yn want Keninginne Wilhelmina is hjoed jierdei." Dû kamen der grutte swarte strikken yn; in teken fan rou. We wiene noch mar krekt wer op skoalle as we moasten wer nei hûs. Ùs mem stie ùs al op te wachtsjen mei noch gruttere strikken nò wiene se wyt. Se sei: "Wyt is de kleur fan de oerjefte mar ek fan befrijing."

Wat wy dèr fan tochten? Myn suster fûn it in soad geskyt mar ik fûn it tige spannend dat ùs mem dat oandoarde. Dat wie wat... In died fan ferset fan in ienling der`t in hiele protte fan wienen yn Fryslân.

De skriuwster dizzes oan de linkerkant mei een grutte strik yn it hier.

Op besite

troch Posted on 1 Comment 1 min read 814 views

Der sitte wy dan iere betiid yn ' e auto fan de soan. Wy sille op besite nei in oare soan dy om ùtens wennet. Meastentiids komt hy hjir hinne mar no hiene se betocht: it moast mar oars om. Mar dat is altiid in hiel geregel want wy hawwe twa hûnen en hy hat trye katten. En it snoade is: se kinne hielendal net mei elkoar opsjitte. Foaral Max, dy wy eartiids ùt Jobbegea helle, ha is oars sa gemoedelik en guodlik mar dy katten mei hy perfoarst net lije. Miskyn sit der wol âld sear, witte jimme it? Dû ha ik de buorren mar frege, sy woene wol oppasse.

Sa dwaande gean wy op wei, myn man efteryn. Hy hat altiid sels riden en nò moat hy it oerlitte en dat fynt hy mar neat. Der wie net ien dy better ride koe as hy, fynt er. Ik jou my del en genietsje fan it prachtiche lânskip dat oan myn eagen foarby giet. It koalsiid stiet yn bloei yn kleuren der`t in skilder net oan tippe kin. Sa sit ik te mimerjen en foar dat ik it troch ha binne wy te plak. Nei de kofje giet de barbecue oan en mei in wyntsje der by fleant de dei om.

It wie in dei mei in gouden rântsje.

En wat de hûnen oanbelanget sy binne noch nea sa folle ùtlitten , minsken en bisten binne dik tefreden wat wolle wy mear !


Dûbeldekker

troch Posted on 2 Comments 2 min read 743 views

Mei ùs fergees-reizgjen-kaartsje sitte myn freon en ik earsteklas noflik ûnderùt yn in dûbbeldekker trein. Wy sille nei Amsterdam nei de tentoanstelling titele "Gedoopt" oer de Meniste skiednis. Se hawwe der noch al wat buorkundicheid oan jûn, sadwaande binne wy hjoed opstap.

Yn Wolvegea sitte wy al oan in brochje, spitich dat der gjin kofje lâns komt. Al pratend binne wy al op 'e hichte fan Hilversum. Ik siz tsjin myn freon: "Ik moat efkes nei de WC, hear." Ik kom ùt de WC en rin automatysk nei it plak wer ik tink dat myn freon sit. Mar nè hear, ik rin fan iene wagon nei de oare. De treppens op en del. De reizgers begjinne my al wat fremd oan te sjen. Ik sjoch hun tinken: "Der ha je har wer, der mankearret  fèst wat oan..."

Nò, sa fier is it ek hast; ik reitsje starichwei yn panyk. Nearne is hy te sjen. Wer sit hy nò? It beroerde is: hy hat myn tas mei jild, kaartsje en mobyl. Mar ek noch myn jas. Op it lèst gean ik bek ôf  sitten. Ik ha beslùten om op it sintraal stasjon mar nei it Leger des Heils as nei de Plysje tegean. Dèr stean ik dan op it perron sûnder jas, en mei allinne wat ik oan ha. Sa moat in flechteling him ek fielle betink ik my. Dan ynienen sjoch ik tusken al dy minsken de betroude rech fan myn freon. Ik bin sa bliid as in protter, ik jou mar net fjirdere ùtlis.

It ienigste wat hy seit: "Do hiest mar lang wurk net...?"


Banken

troch Posted on 0 Comments 1 min read 793 views

Ik sit te bankieren op it internet. Wat klinkt dat goed, net? In pear jier allyn sei myn man: "Do moast it mar fan my oer nimme, it wurd my te dreech." Nò, dat wie net sa bèst fansels. Wat wist ik der nò fan?  Ik bin noch fan de generaasje loket. Jimme witte it miskien noch wol;  fan it boerebankje ùt it doarp. Der waar gewoan sein;

"Frou Dykstra, moat jo jild ha? Jo ha oars juster ek al hân!"

Wer`t eltsenien jin koe en as de man as frou gjin jild mear krye koe, dan waar der oer praten. Nei folle missers en flaters kin ik my nò fia internet redde. En as it  fenomeen wurket dan is it fantastysk. Jo hoeche de doar net mear ùt.

Mar okkerdeis wie it hommels: ùs beide banken binne fusearre, deilis fansels. De bank wist neat fan ùs bestean, te minsen net fan myn bestean. Wylts myn man en ik al hast in heale ieuw byelkoar binne en altiid by de selde bank bleun binne. Ik der fansels foart efteroan. Myn generaasje is net foar neat emansipeare. Ùt eindelik is it klear kaam mar der moasten wol seis klerken oan te pas komme...

Wat mis ik noch faak myn boerebankje wer`t hja my by de foarnamme koene...


"Prettig Weekend..."

troch Posted on 2 Comments 2 min read 775 views

Ik stean yn in lange rige wachtsjende minsken foar de kassa fan in grutte supermerk. It is woansdeitemoarn. Ik tocht, ik moat der mar betiid  by wèze dan is er noch gjin mins. Mar ik ha my fersint: sa ha mear minsken tocht.

Fannemoarn ha se de tiid, it sjit net op. Ferskate memmen ha lytse bern yn 'e winkelkarre sitten en noch kin dat lytsguod by it snobbersguod. Dat sil ek wol de bedoeling fan de eigner wèze tink ik. En dan stean foar my in pear âlde minsken mei ôfladen rollaters. Je kinne merkbite se kinne mekoar. Se begjinne tsjin elkoar oer it waar en wat se yn it tehûs te iten krye.

It begjint my yn te baarnen; ik ha hjoed mear te dwaan. En it iten wurd noch net by my thus besoarge. Der stiet in âldere man foar my. Ik begjin in praatsje mei him mar hy seit net folle werom. De man hat myn oandacht, wèrom wit ik net. Hy stiet er wat triest by mei de holle foardel.

Dan hear ik dat de kassjêre seit; "Prettig weekend, mynhear!"

Yn ienen seit er fèl: "Dat sil net barre want ik ha juster myn frou te hôf brocht..."

Der rint er hinne, de kassjère ferbjustere efterlittent. It grypt my oan, wat wit ik nò fan al dy minsken om my hinne? Ik ferjit ôf te rekkenjen. Ik siz noch tsjin de kassjère: "It is noch mar woansdei, hear; it weekein is noch fier foart."

Hjoed binne myn tinzen by de man. Wer soe d`r wenje?

Fysio

troch Posted on 0 Comments 1 min read 722 views

"Samar bin ik blyn wurren", seit de kreaze jongeman tsjin ùs. "Ik stie  mei myn maat heech op in ljedder in hûs te skilderjen. En ynienen seech ik neat mear. En nò sit ik hjirre en bin folslein ôfhinklik wurren."

Wy sitte by Fysio yn de wachtkeamer. Myn man sjocht min en sa dwaande binne wy by Fysio terjochte kaam.  Keninklik Fysio is in lândelike stichting foar bline en minsjende minsken. Se helpe dizze minsken om mei hun fisueele handikap om te gean en it libben foar hun wat oangenamer te meitsjen. Sa hawwe sy ûnder oaren allerhanne helpmiddels wer ûnder lûpen om te lèzen en telefoans mei hiele grutte nûmers. Mar ek op it med fan pratende kompjûters, toetseboarden mei grutte wite letters.

Ik ha myn eagen ùt sjoen. It is op dit plak te folle om op te neamen. Sels spultsjes sa as damjen en kaerten; alles yn it grut. Se hawwe ek iepen dagen, de muoite wurrich om der es hinne te gean.

Ik kom de jongeman wer tsjin en freechje hoe as it mei him ôfrûn is.  Hy is dwaande om in tandem te kryen. "Ik ha wol kammeraten dy mei mij fietse wolle.", seit er.

Wy geane nei hûs en krye in pratende kompjûter. Mei in hiel ferliedelike frouljesstim. Begrutlik: se kin gjin Frysk.

De au pair

troch Posted on 0 Comments 1 min read 742 views

Al wer jierren allyn gong in famke ùt Fryslân as aupair nei Ingelân. Sy woe net allinne de taal leare mar ek selsstannich wurde. Sy hie de grutte leafde fûn mar troch stânsferskil en wize fan leauwen (wie dû sa) woe sy wis wèze dat it allegearre wol de muoite wurdich wie.

Fia kunde kaam sy by minsken yn it sintrum fan Londen telânne. Sa ùt in doarpke yn Fryslân delpoate yn in wrâldstèd. Sy koe amper hollânsk prate, lit stean fan ingelsk. De frou wie balletdûnseres en de man ingenieur. Se hiene ien bern en tige bedoarn. Wat wie sy earste tiid ûnwennich mar se sette troch. Nei in skofke kryge sy freonen en it begon te wennen. Oan 't in freon tsjin har sei dû hy fan har ferhaal hearde;

"Do moast nei de stim fan dyn hert harkje en net nei oaren."

En dat hat se dien. Se hat hja sels kinnen leard mar ek de taal...


Revyzje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 823 views

Yn in sealtsje fan it sikehûs sitte wy oan 'e kofje mei keek. In ploechje minsken sawol froulju as manlju sitte om 'e tafel. We binne hjirre op in foarljochtings middei oer knibbeloperaasjes.  In aerdich jong 'ding' jowt tekst en ùtliz.

Sy sjocht er trouwens net nei ùt dat sy al oan kunstknibbels ta is...

Mar tige enthousiast ferteld se wat ùs te wachtsjen stiet. Der wurd in film draait oer in nepoperaasje wer`t gjin drip bloed oan te pas komt. Mar dochs komt it my hiel realistysk oer. It sikenhûs is oan it ferbouwen en de wurklju binne bûten oan it seagjen en boarjen dat hearren en sjen jin fergiet. By it sjen fan de knibbelfilm en it lûd op de eftergrûn giet in man oerein: "It hoecht om my net mear.." seit er en giet foart.

Mar de rest bliuwt sitten. We sjoche mekoar es oan en freegje ùs ôf wat moatte wy dan mei de âlde knibbels?