Narkotiseur

Wat is uw geboortedatum? Heeft U een hartkwaal? Bent U aan de drank of aan de drugs?

Sok soart fragen stjoert hy op ùs ôf. Myn man en ik sitte by de narkotiseur sis mar de man dy t jin wei makket as je ûnder it mes geane. We hawwe al de hiele middei yn de wachtkeamer sitten, wol op ôfspraak mar ja it wurd altiid letter. Op it lèst gean ik nei it kantoar en freechje as ja ùs ferjitten binne. En sa sitte wy efkes letter by de narkotiseur.

It is in grouwe man mei in bûtenlânsk aksint en in dik bosk swart hier. “Hoe lang bent U getrouwd?“, freget er. Ik sis: “Trye- en fyftich jier.”Hoe heeft U het zolang volgehouden?” Hy skoddet mei de holle. “Ik ben met zes vrouwen getrouwd geweest…“, seit er. In pear blauwe eagen fol humor sjoche my oan. “Wat sille jo in underfining ha.“, sis ik. “En hoe is it mei de sânde?“, freechje ik. “U kunt nog solliciteren..“, seit hy. “Het is een geintje, mefrouw. Ik werk met veel plezier maar  zonder humor hou je het hier niet vol. Maar ik weet waar mijn grenzen liggen en tegen wie ik het heb.” “Hy mei myn man wol ûnder narkose bringe “, betink ik my. Hy is yn betroubere hânnen.

Hertlik nimme wy ôfskie. Ik rop him noch nei:  “Sukses mei de sânde!

2 Comments on “Narkotiseur

  1. Ik ha gjin idee wat Sande weze mei mar ik fyn it wol een grappich stikje. Ik sjoch jimme al hielendal foar mij, sa sitten bij de dokter.

  2. Oh. No snap ik ‘m: sande is zevende. Enfin, dat makket it ferhaal net minder komisch.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien