Op stap
Eachkorreksje
“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him. Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn. En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei … Read more
Tegearre diele
Ien snein yn de simmer hâlde de menisten in Hagepreek. Dat wol sizze, in tsjinst bûtendoar yn it lân fan boer Yntema te Nijskoat. Dizze tsjinsten komme ùt de tiid doe hja ferfolge waarden om harren leauwen. Snein wie it wer safier. It waar wurke net mei, de gearkomst waard ferskowe nei de skuorre. Under it … Read more
De fauteuil
“Dy stoel moat fuort.” sis ik tsjin him. “Hoe komst er by? It is san noflike stoel.” seit er. Jierren allyn kochten omke en muoike in leren fauteuil. “Hy hat wol njoggen hûnderdgûne koste.” sei se. Mar omke moat noflik sitte. Nei dat se beide ferstoarn wiene erfden wy him. Myn man naam him fuort yn beslach en brocht … Read more
Deadebetinkings
Ik bin allinnich en rin lâns de grêven fan minsken dy ik op in inkele nei kint ha. Hjoed is it 4 meie. Deadebetinking. By ùtstek geskikt om op in tsjerhôf de deaden te betinken, fyn ik. Hja hawwe ommers allegearre hun libben achter de rech, sommige in lang en sommige in koart libben. Guon … Read more
Ferfarre
“Ik wol op in flat.” seit se. We steane yn in lange rigele foar de kassa fan in tùnkerij. “Wêrom?” sis ik; “Ha jo je nocht fan de tùn?“ “Ach hearkes… al lang.” seit se; “Mar hy derbûten wol op de grûn wenjen bliuwe.” Ik sjoch in man stean mei trije sekken modder op de pakjedrager. “Hy … Read more
Rail Away
“Ik wol mei de trein nei Kroatië.” seit myn man. Hy sit nei Rail Away te sjen. Ach, wat ha wy al in soart reizen makke. Mar dan troch de tillevyzje. Hy slacht gjin ien ùtstjûring oer. Dan is it wer Frankryk, dan wer Grienlân en sa it hiele kontinint oer. “Ja,” sis ik; “regelje it mar.” … Read more
Selsbehâld
“Hast ek in rollater yn de oanbieding?” freegje ik Bouke. Nei de tsjinst sitte wy neist elkoar te kofje drinken. Hy sit yn de rommelmerkkommisje fan ùs tsjerke. “Dy hast sto noch net nedich wol?” Hy sjocht my es op en del oan. “Nò,” sis ik; “ik wurd in dei âlder en dan ha ik him … Read more