Op stap
Beppe
“Omie!” hear ik roppen. En noch es ropt se; “Omie!“ Ik bin yn de supermarkt. Ik sjoch om my hinne. Der stiet in lyts buorfamke nei my te swaaien. Ik wiuw wêrom en gean fierder. Dy buorfamkes hawwe twa beppes. De iene beppe wennet yn Mildaam, Omie, en de beppe yn Âldehaske is Beppe. “Misse jo … Read more
Utstrieling
Ik gean der by sitten de winkel stiet grot fol. In pear lju hingje ferfele tsjin de muorre. Ek steane guon bûten te smoken. Yn ‘e hoeke ha in pear manlju it oer it fuotbaljen en kinne it dùdlik net iens wurde. Twa froulje mei holledoeken om kringe foar mar wurde troch de winkelbetsjinner taktysk … Read more
Samar in petear
“Bent u ook naar de kerk geweest?“ freget in lyts famke. It is sneintemoarn en ik rin mei Max in blokje om. Op it skoalplein stiet in famke fan san acht jier mei twa blonde stutsjes . Se freget noch es; “Bent u ook naar de kerk geweest?“ Op myn skodholjen seit se; “Welke kerk gaat … Read more
Frijheid
“Sy moat rijles ha.” sei myn skoanheit tsjin myn man. “Wêrom?” sei hy; “Ik ryd har oerâl hinne.“ “Sy moat selsstannich wurde. Der kinst allinne mar baat by fine.“ Dat wie yn 1958. Myn skoanheit wie syn tiid fier foar ùt. Mar foar dat ik myn earste auto krige moast er hiel wat wetter troch de sè … Read more
Hâldst noch fan my
Wy sitte op in terraske oan it wetter en binne in middei op stap. Sy hat in auto en ik traktearje. Ik kin har al in heale ieuw. We trouden tagelyk en krigen beide bern, sy famkes en wy jonges. Der wiene in soart oerienkomsten tusken ùs. En dêrom past it sa goed, tink ik. … Read more
Underskied
Yn in grutte rûnte sitte wy yn de keamer. De measten kin ik wol. It binne al jierren de selde lju. En as de freonskip al âld is feroaret er neat. Allinnich de rûnte wurd lytser, de lju wurde âlder en falle der by wei. In freondinne fiert har jierdei se is tachtich wurden. It … Read more
Ôftakeling
Myn man moat in eachkorreksje ûndergean. Syn eachlidden sille ynkoarte wurde. Al in pear jier hat hy tige lêst fan ûntstekkings. En sa sitte wy te wachttsjen op de man dy der wat oan dwaan sil. Wylts hy ûnder it mes is sit ik om my hinne te sjen. In pear minsken bledderje wat ferfeeld … Read more