De fauteuil

stoelDy stoel moat fuort.” sis ik tsjin him. “Hoe komst er by? It is san noflike stoel.” seit er.

Jierren allyn kochten omke en muoike in leren fauteuil. “Hy hat wol njoggen hûnderdgûne koste.” sei se. Mar omke moat noflik sitte.

Nei dat se beide ferstoarn wiene erfden wy him. Myn man naam him fuort yn beslach en brocht der ek in stik fan syn libben yn troch. Mar de leunings waarden sutrich en gongen stikken. De  franje waard der ôfhelle en op de earmleunings lime. Sa waard hy wer jierren yntensyf brûkt. Mar op in gegeven momint seach ik de stoel troch de eagen fan fremden.

Dit kin net langer. It hellet it oansicht fan oare meubilêr nei ûnderen. Nei in protte tsjin akseljen fan myn man waard er yn de auto laden. “Ik gean mei. sis ik tsjin him; “We bringe dy nei dyn lêste rêstplak.” En sa steane  wy by Omrin. Nei yn koarte seermonueel kyperje wy him yn de container.

Wêrom wurd ik der nò emosjoneel fan? It is ommers mar in âld stoel dy syn tiid hân hat? 

Mar ik wit dat it de minsken binne wer ‘t ik fan hâlden ha en dy er nèt mear binne.

Stil rin ik achter him oan: tiden hawwe tiden

Diele mei:

6 Comments on “De fauteuil

  1. Is it net: partir, c’est mourir un peu?

    (Sykje dat mar efkes op op Google ;-))

    Mar moai beskriuwn, dat wol.

  2. Ja soan D, dyn mem hat in grutte gave, sa’n moai ferhaal skrieuwe te kinnen oer it fuort dwaan fan in stoel. Ik lês se sa graach, har stikjes. Ik sil har efkes ‘like.

    memmeminskje, ‘vind ik leuk’ . Jammer genoch sit ik net op facebook of twitter, dus moat it mar efkes sa.

  3. Zo herkenbaar, stoel weg, en dan komen de herinneringen.
    Wat een stoel toch teweeg kan brengen.

  4. sa is it no mar krekt! Minsken is nuver guod;-)))

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien