Hûs te keap

“Ik ha in hûs op it each. Dat wol ik keapje.” sei ùs heit. “Nò al wer? Wy sitte hjir noch mar krèkt.” sei ùs mem dan. “Nè, mar it is grutter en deugliker.“ En sa ferfarren wy wer. Alles waard op in hânkarre setten. Mar foar dat it sa fier wie moast ùs heit [Lês mear »]

Begripe

“Mem begrypt my net.” De soan is in pear dagen thus. Wy prate dan oeral oer. We moatte de skea ynhelje. Hy wennet om ùtens dus ùs kontakt giet fia e-mail en sms. Sis nò sels: dan kin jo net oer grutte libbensfragen diskusjearje. As wy skilje dan kinne wy hiel goed mei elkoar prate. [Lês mear »]

Allergysk

“Sjoch sto ek wat oan my?” freget myn man. “Nè,” sis ik; “do bist noch krekt sa kreas as eartiids allinne in bytsje âlder.“ “Ik ha it gefoel dat ik yn brân stean.” seit er. “Hast yn de sinne sitten?” freegje ik. “Hoe kin dat nò? It reint al dagen achter elkoar.” merkt hy op. [Lês mear »]

De Feesttinte

In ferskuorrende grutte tinte komt by ùs buorlju achter hûs te stean. Tagelyk binne sy jierdei en dat fiere se yn ienkear. Elk jier wer op ‘e nij. Kosten noch muoite wurd sparre om it ta in sukses te meitsjen. Al dagen binne se dwaande mei tariedings; stuollen en tafels wurde oeral wei sleept. Ùs tùn [Lês mear »]

Ynklauwers

In pear hùzen fjirder op stean in pear manlju foar in hûs. It eaget noch al offisjeel. Ik sjoch wol: it binne nèt meteropnimmers. “Wat stiest sto te lûren?” hear ik myn man op de achtergrûn sizzen. “Dit hat mûzen.” sis ik.  In pear wiken allyn is de man ferstoan. Hy wenne allinne. Ik makke [Lês mear »]

Oranjegisme

“Mei wy efkes by jimme de gevel op?” freget in buorjonge. “Ûngelyk wer foar.“, sis ik. “We wolle de strjitte fersiere.” seit er. En sa kleurje de omkriten al gau yn it oranje. Ik kin in jonge, dy wennet allinne mar as it safier is, is hy hielendal yn oranje klaaiing. In hege hoed op [Lês mear »]

It moat oars

“It moat oars,” sis ik; “it is my nèt nei it sin.” In skoft allyn bin ik fan boppe nei onderen ferhùze. Ik ha it oer myn kompjûter. Wy hiene in sliepkeamer omboud ta kantoar mei twa buro`s en twa kompjûters. “Kreas.” soene jo sizze. Mar as ik dwaande wie baanden de jirpels oan as [Lês mear »]

Steuring

“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man. Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat [Lês mear »]

Ferlittenens

“Wêrom moat elkenien mei fekânsje?” sei ùs mem altiid. Se hie in glandige hekel oan de simmerfekânsjes.  Se fielde har dan allinnich en ferlitten. En dan wie sy ek noch yn de bouwfak jierdei. Elk jier wer moasten wy as bern rekken hâlde hoe wy de fekânsjes yndiele moasten. Wiken foarôf begong se der al [Lês mear »]

Snoeie

“Moat it noch kealer?” ropt myn man. Ik bin oan it snoeien. Wy hawwe  noch al wat beamguod om  hûs hinne. Ik ha merkbiten dat de gemeente elk seizoen oan it snoeien is. “Dat kin ik it ek.” tocht ik. En sa dwaande bin ik mei in grutte skjirre -libbensgefaarlik- oan ‘e gong. Ik bin [Lês mear »]

>