Mankelyk

‘‘It is ien maaie west, hear!” ropt de buorman. “Makkest propaganda foar de SP?” ropt in oaren ien. Hja libje allegearre mei. Ik ha ùs tùnstek fjûr read ferve. Jimme ha wol fan my heard dat de skuttingen grien wurden binne, tink ik.  It resultaat fûn ik noch al mankelyk. En krekt dy dei wie … Read more

Dowen

Dèr sit hy dei en nacht te brieden. “Wannear soe hy frette?“, freegje ik my ôf. Ùs soan hat in flat op de fyftsjinde ferdjpping. Mei in prachtich ùtsicht mar hy hat krekt as de oare bewenners lèst fan dowen. Hja dogge der fan alles oan. De iene hat netten oer it balkon en in … Read more

Momint fan Lok

Ik sit yn de tùn. It is deastil om my hinne. De minsken yn myn omjouwing binne der op ùt. Ik bin allinne. De fûgels hawwe it alderheislikste drok. De âlders fan it jonge guod fleane har de fearren ùt it gat: it is spitsoere. Mar alles giet mei uterste sekuerens. As mem blokfink mei in … Read more

Flagje

“Wist sto wer`t de flagge mei stok is?” freegje ik myn man. Twa kear yn it jier giet de flagge ùt.  Mei befrijingsdei  en as de buorren sa lang troud binne in kear faker. Mar yn ùs omjouwing wurd mear skieden dan trouwd dus sa faak hoech ik net by de gevel op. Einlik fyn … Read more

Hiersferheging

Tusken de folders fan seksy ûnderguod, wenningynrjochting en tùnaksesoires leit in brief fan de wenningstichting. It skeelde amper as hy hie yn de papiercontainer sitten. Achternei besjoen hie dat better west mar ja, dan hiene wy dochs wer in nije krige want dy lju binne stânfest. Hiersferheging melt de brief. Dat sil wol moatte want … Read more

Moetings

“Buurvrouw, ziet u ook iets aan mij?” freget in buorman dy in eintsje fjirderop wennet. Ik sjoch neat oan him mar in komplimint is noait wei. “Wat sjoche jo der goed ùt!” sis ik. “Ja,” seit er; “ik heb een nieuw leven gekregen.” “Hoe sa?“, freegje ik. “Een week geleden heb ik zes nieuwe omleidingen … Read more

Wiet

“Mem moat wol oppasse, hear!” seit myn soan. “Werom?“, sis ik; “Ik gean de doar net út.“  “It kin wol es stoarm rinne, aanst…“, giet er fjirder. “Hoe sa?” freegje ik. “Nò, sat it nò liket ferkeapet mem wiet.” “Hâld dochs op.“ Ik ha it stek krekt ferve en as warskôging stiet er ‘WIET’ op. … Read more

Mormoanen

  Tagelyk as wy ite sille giet de doarbelle. Der steane twa jongfeinten. Kreas yn it swarte pak, wyt oerhimd mei bypassende strik. “Kent U de Mormonen, mevrouw?“, freget my ien fan de jonges. “Wol fan heard mar kenne? Nè.” sis ik. Aerdiche jonges, net optwingerich. Samar ynienen sis ik; “Ha jimme ek sin oan in panne … Read more

Hegedrukspuit

‘Ik wol in hegedrukspuit hawwe.‘, sis ik. “Yn koartens is it myn jierdei en as jimme my dan mei elkoar san ding jouwe, dan is dat in moai kado.” Hja sjoche my fernuvere oan. “It kostet ùs jild. Jonges, meitsje jimme mar klear.“, seit myn man; “Ùs mem wol wer wat.“ Ik ergerje my al lang … Read more

Grien

Alles moat grien wèze hjoed de dei. Want dat is pas natuerlik. Griene taksjes en bussen, griene tsies, griene aaien en griene stream. It moat allegearre ECO wèze. En yn dat ramt wol ik ùs tùnskuttings ferve. Grien fansels. “Moat dat nò?” seit myn man; “dat diene wy in ieu allyn ek al.” “Nò,” sis … Read more