Snoeie

Moat it noch kealer?” ropt myn man. Ik bin oan it snoeien. Wy hawwe  noch al wat beamguod om  hûs hinne. Ik ha merkbiten dat de gemeente elk seizoen oan it snoeien is. “Dat kin ik it ek.” tocht ik.

En sa dwaande bin ik mei in grutte skjirre -libbensgefaarlik- oan ‘e gong. Ik bin er op klaaid. De wetterklean en de leazens oan -feilichheid  foarop- en sa stean ik te swaaien mei in enoarme skjirre. Ik oefenje myn hobby ùt. Ik bin slocht op snoeien. Wer dat wei komt wit ik net.

Doe ùs bern lyts wiene knipte ik hun hier altiid. As ik de linker en de rjochterkant fan hun kopke knipt hie wie it altiid ûngelik. Ik gong troch. Der bleaun gjin hier op de holtsjes sitten. Myn heit knipte ùs eartiids ek, hy sette myn bruorren in blompot op ‘e kop. Dat wie in goed model, fûn hy. Ik tink dat dèr de leafde foar it knippen, sis moar it snoeien, wei kaam is.

Moast ophâlde!” ropt myn man; “Der bliuwt gjin strùk oer!” 

Spitich dat dy man gjin each foar keunst hat. Ik sjoch it -hear en fear- es oer. Wat is it opknapt. Wol wat keal wurden mar we hawwe teminste frij ùtsicht krigen. Dochs moat ik mar es nei in snoeikursus. Mar komt dat myn kreativiteit en myn talint wol ten goede?

6 Comments on “Snoeie

  1. O, wat werkenber.Ús mem koe der ek wat fan, dy knipte dan myn ponnie by, dat gie ek sa bryk as in kroade en op’t eintsje beslút siet de ponnie sawat boppe op’e holle. Letter waard ik mei myn 3 bruorren nei kapper Douma, tichteby ús stjoerd. Allinne dat wie in herenkapper, dat ik kaam ‘gedekt knipt’ werom. It hier krekt sa koart knipt as de jonges. Dêr ha ik in trauma fan.

  2. Een snoeicursus volgens van Kooten en de Bie: begin boven het ovulatiepunt, en eindig boven de wortels.

    Wat heb je toch allemaal opgebiecht over dat haarknippen van je kinderen, dat is een generatie die van alles trauma’s krijgt. Jouw leeftijd vond dat normaal, die bloempot.
    Ik knipte mijn haar altijd zelf. En dat van mijn eerste liefde ook: met een scheermes, helemaal niet leuk zo kaal!
    Maar het groeide gelukkig weer aan en dan kwam hij weer als een clown en liet zijn koppie vertroetelen. Vroems trouwens ook, die mocht ik ook altijd snoeien, maar gelukkig niet zo kaal! Van nature kaal is best maar er moet nog wel iets harigs te zien zijn, vind ik.
    Net als met takken, er moet wel wat overblijven voor een volgende snoeibeurt.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien